Dichter fan Fryslân workshops grut sukses

16/11/2022

De workshops fan de Dichter fan Fryslân binne in grut sukses. Alle fergese skoaloptredens wienen binnen de koartste kearen fersein. Fan oktober dit jier o/m jannewaris takom jier sil de Dichter fan Fryslân op besite by 13 basisskoallen yn Fryslân om te fertellen oer hoe moai ’t poëzij wêze kin.

De Dichter fan Fryslân biedt twa ferskillende lesprogramma’s oer poëzy foar basisskoallen oan. De lesprogramma’s besteane út in optreden en les yn ien. De Dichter fan Fryslân bringt learlingen en leararen op in tagonklike wize mei poëzy yn de kunde en lit sjen wat it effekt fan poëzy wêze kin.

De Dichter fan Fryslân hat in protte nocht oan de skoalbesites. Se fersoarget yn totaal 13 workshops oer poëzij. Fan Sint Anne oant Nijeholtpade.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.