Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

19/10/2022

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.

It portret (oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.) is hjoed troch Eeltsje Hettinga en de direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra ûntbleate en is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn dizze seal hingje ek de oare portretten fan de Gysbert Japicxpriiswinners.

De makker, Elske Schotanus (1957), is net allinne skilder, mar ek skriuwer. Yn har wurk leit se har de lêste tiid hieltyd mear ta op in kombinaasje fan skriuwend en byldzjend wurk. Har lêste wurk is de graphic novel ‘Kyra’ (2022).

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.