Dichter fan Fryslân op BOSK-poadium Arcadia

06/07/2022

Tongersdei 7 july, om 19:30 oere, sil de Dichter fan Fryslân tegearre mei dichters fan RIXT Frysk Dichterskollektyf en Dichter Bij Leeuwarden û.o. har nijste Dichter fan Fryslân-gedicht ‘Swalker’ foarlêze op it Boskpodium yn Obe, Podium voor Literatuur, Kunst en Taal fan Tresoar.

Neist in optreden fan de Dichter fan Fryslân ek optredens fan û.o. Edwin de Groot, Christa Niklewicz, Afrida Adema en Marco Merijn Klute.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.