Dichter fan Fryslân iepenet útstalling Keunstakademy en treedt op mei Tsead Bruinja en ZEA

07/03/2022

Op freed 29 april iepent de Dichter fan Fryslân in útstalling fan de Kunstacademie Friesland.

Dyselde jûn stiet sy teagearre mei kollega-dichter Tsead Bruinja yn MeM yn Bûtenpost mei muzyk fan ZEA en de Tigers fan Greonterp. De Dichter fan Fryslân is tegast tidens de Skuorre- en Tsjerketoer fan ZEA en Tsead Bruinja. ZEA spilet wurk fan syn yn novimber útbrocht album ‘Witst noch dat der neat wie’ en Tsead Bruinja draacht foar út syn nijste dichtbondel ‘Ynbêde / Ingebed’ dy’t op 25 maart ferskynt by de Afûk.

Kaarten foar dizze jûn fia MeM, Bûtenpost.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.