Poëzyfilmspecial op Omrop Fryslân

22/12/2021

Omrop Fryslân stjoert op twadde krystdei in special út rûnom de poëzyfilms fan Dichter fan Fryslân 2019-2021, Nyk de Vries. It giet om in seleksje fan de films dy’t er earder makke as Dichterfan Fryslân, tegearre mei filmmakker Herman Zeilstra. Ien dêrfan is in krystfilm dy’t ferline jier om kryst hinne op Skiermûntseach opnaam waard, mei Sytske Hoogterp en Henk Huizinga yn de haadrollen. De teksten fan de poëzyfilms meitsje ek diel út fan ‘Asman’, de nije bondel fan Nyk de Vries dy’t krekt ferskynd is. De special wurdt útstjoerd op snein 26 desimber om 18.30 oere en wurdt yn de oeren dêrnei hieltyd werhelle.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.