www.friesland.nl/11fountains.

" />

Dichter fan Fryslân iepenet Kletterdei 2021

18/03/2021

Op sneon 20 maart is it Kletterdei en sille de 11Fountains, in keunstprojekt fan Leeuwarden-Fryslân 2028, yn ‘e alve Fryske stêden wer kletterje. Nyk de Vries skreau as Dichter fan Fryslân spesjaal foar Kletterdei in gedicht dat werom te hearren is yn in iepeningsfideo dy’t no sneon 20 maart om 09:00 oere live giet op www.friesland.nl/11fountains.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.