poetry.nl foar ticktets en it lêste nijs.

" />

Dichter fan Fryslân op ‘Poetry on Impact’

19/01/2021

Tidens de wike fan de poëzij, op lanlike Gedichtedei, tongersdei 28 jannewaris, bringt Poetry International alle dagen oanslutend op it nijs fan acht oere ‘Poetry on Impact’. In online flits poëzij oer saken dy’t der ek ta dogge. Mei dichters as de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja, poëzijgeskinkskriuwers Rodaan al Galidi en Maud Vanhauwaert, plattelânsdichter Paul Demets, poëzij-gûrû Ellen Deckwitz, én Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries.

‘Poetry on Impact’ begjint op Gedichtedei, tongersdei om 20:30 oere en presintearret alle dagen o/m woansdei 3 febrewaris in nije dichter. Nyk de Vries fersoarget as Dichter fan Fryslân op tiisdei 2 febrewaris in online optreden. Wolst der online by wêze, meiprate, fragen stelle, stypje Poetry International en keapje in ticket foar €5,- per ôflevering. Sjoch op poetry.nl foar ticktets en it lêste nijs.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.