" />

Dichter fan Fryslân yn ‘Fryslân fan Boppen’

24/04/2020

Freed 24 april wie it gedicht ‘Anne en Arie’ fan Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, te sjen yn ‘Fryslân fan Boppen’. It gedicht waard troch eilanners útskreaun oer de strannen fan Flylân, Skylge, Amelân en Skiermûntseach en dat levere prachtige bylden op.

‘Fryslân fan Boppen’ is in projekt fan de Fryske gemeenten, Leeuwarden-Fryslân 2028, Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant.

 

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.