Sjuery

De sjuery fan Dichter fan Fryslân bestiet dit jier út: Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier.

← Fryslân siket in dichter

Tamara Schoppert Amsterdam, 1968

Tamara Schoppert is by it grutte publyk benammen bekend as aktrise, presintatrise en teatermakker. Mei inselde soart entûsjasme set sy har kreativiteit yn as artistyk koördinator en oanjager yn oare kulturele projekten.

Obe AlkemaHarns, 1993

Obe Alkema is keunstner, brandmanager by Stichting Perdu, poëzijkritikus foar NRC Handelsblad en publisearre yn ferskate Nederlânske, Fryske, Flaamske en ynternasjonale tydskriften.

Foto: Arno van Vlierberghe

Peter van LierEindhoven, 1960

Peter van Lier studearre filosofy en ûntwikkele him dêrnei as dichter en esseeist. Yn 1994 ferskynde fan him in filosofysk essee ‘Van absurdisme tot mystiek’. Yn 1995 folge syn earste dichtbondel ‘Miniem gebaar’ (Prijs van de Vlaamse Gids). Yn 1998 folge ‘Gegroet o…’ (Jan Campert-prijs) en yn 2016 ferskynde syn meast resinte, sechde bondel: ‘Laaglandse remedies’.