Eeltsje Hettinga 11/10/2018

It sonken Waad

Foar Theunis Piersma

 

 

Fannacht seach ik it sonken Waad.
Unrêst besprong de doarpen.
Toppen fan beammen lieten
bline ûnderwetterklokken hearre.

Señor De Robles stie it wetter
oan ’e lippen. Diken brieken
as fammefluezen. In lân waard wei
yn heger klimmende seeën.

Eilannen op ’e drift skommelen
dronken oer Holwert hinne, rûnen
djipper ferdronkene streken yn.
Fannacht seach ik it sonken Waad.

En troch souders en tuorren dreaune,
fan alle grûnen los, de deaden
heech op ’e weagen, donker en
swart as it oersop fan de weareld.

’t Is ienentweintichhûndert-
ienentweintich. By it tabernakel
fan tij en tiid tsjoent immen
himsels werom nei in lange,

hite simmer mei eilannen, tillend
boppe sânplaten dêr’t kloften
fûgels Afrika, Afrika kriten.
Fannacht seach ik it sonken Waad.