Eeltsje Hettinga 13/11/2018

Europa – De nammen

It is baas drok oan de kusten fan Europa.
Badgasten, beskonken yn see, swimme
foarby it wrakhout fan it skip dat
de flechtling brocht, ûngeriif dat jûns
ûnder de sinne yn de oliven fia
Skype en mail nei it thúsfront spat,
de kleilieten oer it bedoarne genot. –

Hotelkeamers sjogge út op tinten en
kampen, tichtset mei skriktried, ryk fan
hannel yn fleis en minsken. Eagen oer
it stek sinke wei as boaten yn ’e nacht.
It is baas drok oan de kusten fan Europa.