Sinneljocht op in muorre yn ’e stêd

(Tink derom, dit gedicht kin spoaren fan Obe Postma en Jan Dotinga befetsje)

 

 

Earst it wûnder fan it praten
De keamersdoarren iepen. In tonge jout oan de dingen lûd
Klanken klonterje ta wurden gear. Stilte krûpt hjirtusken,
driuwt de wurden útmekoar. Dan giet it hurd
Taal wurdt grutter en mear, en moai sa,
binne we net allegear te unyk
foar ienheidswoarst?

Habtamu! Aant Jelle! Aukje! Max!
Kom op, de sinne falt yn tûzen diggels troch it grien
Ik rop jim wekker mei de fingers yn ’e earen
Kom nei it terras -jas hoecht net- om de taal te rêden,
om in nije takomst út te sprekken
We bestelle wat te iten en te drinken
We sjogge tefreden om ús hinne
en dan we dogge de hiele middei
net in fuck mear
Nee we dogge gjin iene fuck mear
Soks moai waar!
Lit it folk sèls mar ris foar de taal soarch drage
We libje hjir, en
we libje no
en de jonges op de fatbikes roppe:
Bro, rustich!
Rustich, bro!

Sinneljocht

Dat is myn wurd
Past my as in namme
As ik him ynslok
sit ik hielendal fol

Is it yn de taal
altyd mysels
dy’t ik weromfyn?

Noch krekt gjin studint
Ik kom mei de bus nei de stêd
Op it dak fan de heechste toer
blinkt in hoanne

By it útstappen
hâld ik de hân boppe de eagen

Op in giele muorre mei lange finsters
stiet ien wurd:

Sinneljocht

Jierren fierder en it stiet der noch
Soms sit der in letter los

Yn it leslokaal seit de dosint
Sjoch om dy hinne, meitsje sinnen fan wat’sto troch it finster
sjochst, wat de minsken om dy hinne sizze, taal op muorren

en yn ’e harsens giet in doarke iepen dat ik noait
wer ticht krij.

Sinneljocht

Myn wurd falt as in skearmes
oer de stêd en snijt de gebouwen midstwa
Myn taal blinkt as in hoanne op de heechste toer
Myn taal skitteret op it stjoer fan in fyts
tsjin ’e muorre fan in tsjerke
yn in doarp dêr’tsto komst
omdat it sa hearlik stil is – mar
net hielendal stil. De wurden rûzje krekt lûder
as bloed troch de fearten fan it ear.

–       Dus mei ik sizze, it giet better as ea mei de taal!
–       Ja, mar, myn neefkes
hoe’t dy prate, it is net om oan te hearren!

–       Dochs sis ik, it giet better, sjoch nei al dy minsken dy’t mekoar de maat nimme online gewoan yn har eigen /
–       Ja, mar, op de pleinen en yn de doarpen boartsje de bern net langer yn it /

–       Ik sis, safolle skriuwers en dichters /
–       Ja, mar, de oplagen /

–       Us taal giet dea, oer ien generaasje praat net ien it mear
–       Ja, mar, ik ken in beuker dy praat foar it faderlân wei, mei in tonkje as de pinne fan Obe Postma yn syn alderbêste dagen!

Ik doch mei oan in workshop yn in kafee
Immen freget ús om ús favorite wurd op te skriuwen
Ik tink oan it favorite wurd fan myn dochter:
Oankrûperswaar.
De mefrou njonken my skriuwt  op fan:
Ruozzemuozje.
Tegearre meitsje wy der in sin fan

As it ruozzemuozzet yn de loft
dan is it oankrûperswaar

It sit my as in geast yn de kiel
Wa hie dat tocht
Dat yn de ûnmjitlike stilte tusken de stjerren
op in middei blauw en waarm
yn it grien fan it leechlân
bûthúsfinsters elkoarren wurden takeatse?

Sinneljocht

Myn wurd raast mei 300.000 kilometer per sekûnde
troch it liif. Myn taal blinkt op de reling fan in teleskoopheechwurker en krioelet
as miljoenen fiskjes op it sulveren wetter. Myn taal hat in skerp mes en kleurde fearren, myn taal hat in grutte bek, in triljend hert

Ik ha der mar myn wurk fan makke
Sinneljocht op in muorre yn ’e stêd
Lústerje mei de eagen
Ut en troch is der ien dy’t my freget:
Wêrom skriuwsto yn dyn eigen taal?
Miskien siket de taal ús wol út, soe ik sizze
Mar earlik sein, dy fraach hear ik net faak mear.