Bekendmakking nije Dichter fan Fryslân

11/10/2021

Op freedtemiddei 12 novimber om 16:00 oere (ynrin 15:30 oere) wurdt tidens Explore the North de nije Dichter fan Fryslân bekendmakke yn de Westerkerk yn Ljouwert. Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Sietske Poepjes nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân mei de presintaasje fan syn nijste dichtbondel ‘Asman’.

Jo binne fan herte útnûge om hjirby oanwêzich te wêzen. Oanmelde is needsaaklik en kin fia: info@dichterfanfryslan.nl. Jo Corona QR-koade sil by de yngong skend wurde. Der kinne maksimaal 75 minsken yn ‘e seal. Tagong op basis fan folchoarder fan oanmelding.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.

‘Do, ik’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

18/03/2026

‘Do, ik’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.