" />

Premjêre poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Hoefolle wurden’

12/07/2021

Juster gie op Omrop Fryslân TV de fyfde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De fyfde poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Maitiid’.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. Geandewei dit jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV.

Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Ingels: David Colmer. Kamera en montaazje: Herman Zeilstra.

 

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.