Dichter fan Fryslân yn nij live stream boekeprogramma

02/03/2020

Op de earste dei fan de Boekewike, no sneon 7 maart om 15:00 oere, begjint de earste ôflevering fan Bomen over Boeken fanút de Bosthalte yn Amstelveen. Nyk de Vries is dêr as Dichter fan Fryslân te gast tegearre mei de skriuwers Eva Vriend, Vanessa Oostijen en Thomas Heerma van Voss. Gert Klück fersoarget de ynterviews. De útstjoering is live fia YouTube te sjen.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.