{"id":981,"date":"2019-02-28T14:51:44","date_gmt":"2019-02-28T13:51:44","guid":{"rendered":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/2019\/02\/28\/opinybydrage-dichter-fan-fryslan-tiid-foar-in-eroatysk-wurdboek\/"},"modified":"2019-03-07T15:08:42","modified_gmt":"2019-03-07T14:08:42","slug":"opinybydrage-dichter-fan-fryslan-tiid-foar-in-eroatysk-wurdboek","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/2019\/02\/28\/opinybydrage-dichter-fan-fryslan-tiid-foar-in-eroatysk-wurdboek\/","title":{"rendered":"Opinybydrage Dichter fan Frysl\u00e2n: Tiid foar in eroatysk wurdboek"},"content":{"rendered":"<p>Der moast in nij wurd foar fagina komme. Bergen synonimen skoden de l\u00easte wiken by de redaksje fan it debatprogramma Iepen-Up troch de bus. Dat gong fan skelpke, paradyske oant en mei it \u00fcberfriesische wurd pompebledsje. By de fierhinne defeministyske wedstriid kaam it wurd flomke lang om let as b\u00easte \u00fat de bus.<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"aligncenter size-full wp-image-977\" src=\"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2019\/03\/660px-Egon_Schiele_020.jpg\" alt=\"\" width=\"700\" height=\"436\" \/><\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Nei klank is it in wat s\u00eaftsedich wurd, ien d\u00ear\u2019t je, bygelyks, net even lekker hurd op rymje kinne. Want dat smyt al gau rymkes op fan it kaliber omke romke plukt in (heide)blomke. Nee, dan foldocht it wurd kut einen better. Of om it sechje oan te heljen fan Blauwe Piter dy\u2019t in Sneker is: in kut hat gjin nut at dy net sturt wurdt.<br \/>\nde foarkeamer<\/p>\n<p>De skriuwer W.F. Hermans hie der ek ferst\u00e2n fan. Yn <em>Een wonderkind of een total loss<\/em> seit er op in stuit: \u2018Vagina? Zeg maar gewoon kut.\u2019<\/p>\n<p>Dat sitaat hie ik net paraat, mar f\u00fbn ik yn it <em>Bargoens Woordenboek<\/em>. It Ingelske wurd \u2018cunt\u2019, sa leart my dat wurdboek, giet werom op it wurd dat juster de titel wie fan in kostlike kollum\u00a0fan Asing Walthaus yn de Ljouwerter, nammentlik \u2018kuntha.\u2019<\/p>\n<p>Der moat in foech twa desennia lyn in soartemint fan smoarge-wurden-sympoasium by de Fryske Akademy west hawwe. Walthaus referearret d\u00ear ek oan as er it rychje wurden oanhellet dat ien fan syn kollega-ferslachjouwers destiids by de Akademy optekene: fodze, gat, fet, poarte, \u00fbnderdoar, foarkeamer, geboarteplak, skie, yngong, wetterm\u00fbne, kr\u00fas, skoar, naad, poes, de flotgerzen, de prom, it boek mei twa bl\u00eaden, Jeruzalem, it Wapen fan Bremen en Aken en Keulen.<br \/>\nfan kot nei kit<\/p>\n<p>Ek wie der yn dy snuorje it digitaal Fryske liter\u00eare tydskrift <em>K<\/em>. dat \u00fatein sette mei in eroatyske rubryk, skreaun troch taalkundige Anne Dykstra fan de Fryske Akademy, teffens ek in goed etymolooch.<\/p>\n<blockquote><p><em>&#8216;pyt wol yn &#8217;t hok triviaal faginaal te potfertar&#8217;<\/em><\/p><\/blockquote>\n<p>As redaksjelid hie ik him frege om in ljocht te smiten op Fryske eroatyske wurden, sechjes en \u00fatdrukkings. It hiele korpus soe in moai eroatysk wurdboek opsmite kinne. De rubryk (dy\u2019t, miende ik, de titel \u2018Yn \u2019e flotgerzen\u2019 hie) wie hot, hipte fan kot nei kit en waard in hit, mar soe net lang bestean.<\/p>\n<p>De LC krige der lucht fan en helle Dykstra nei de krante. Dykstra syn skriuwen ferskynde d\u00ear \u00fbnder de titel \u2018Taboe of net taboe\u2019, mar hie in mear algemien taalhistoaryske ynslach. De rubryk sels stoar in stadige dea.<\/p>\n<p>Fan in eroatysk wurdboek is it yn alle gefallen noait net kaam. Kut dus. Tiid foar in Frysk eroatysk wurdboek. Hjir\u00fbnder it gedicht \u2018Lulle&#8217; \u00fat <em>Apreos<\/em>, s. 41-43.<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"aligncenter size-full wp-image-978\" src=\"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2019\/03\/Naakt-Sjoerd_de_Vries-700x867.jpg\" alt=\"\" width=\"700\" height=\"867\" \/><\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong><br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">.<\/span><br \/>\nLULLE<\/strong><\/p>\n<p>Ik neam dy net<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>famke net fan hoas<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>madamke geil fan fisk<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>mokkeltsje fan kom ris leaf<\/p>\n<p>ik neam dy net eadat it preaun is<br \/>\ndyn sop te knorr, ynske rynsk<br \/>\nby \u2019t sleven fol<\/p>\n<p>my is leaver<br \/>\nit hoal fan liif as it holl\u2019 fan namme of<br \/>\nbetter: no fuort te hou<br \/>\n&#8211; kul om mul \u2013<br \/>\nas daliks foar lul mei klapklap-<br \/>\nklappertoskjend \u00fbnderdoarke dwaan;<\/p>\n<p style=\"padding-left: 30px;\"><em>ay, flean-op-sa-sa, hjir<\/em><br \/>\n<em>gjin retoarikagejens of oare joeker-de-jeuzela,<\/em><br \/>\n<em>mar graach<\/em><br \/>\n<em>libbene harmoanika \u2013<\/em><\/p>\n<p>Witst net hoe lang ik socht om<br \/>\nCandy op \u2018en tsjik-en-tsjekst-teken-Frysk,<br \/>\nom kletsende fammekezen<br \/>\nfoar ringen yn koperen bolleneuzen,<\/p>\n<p>hoe durk\u2019rige kut<br \/>\nalle tem\u00fbk efter de h\u00e2n fertelde tellen<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;<\/span>oer dommenes<br \/>\nbigotsjend it earsgat fan god en kelle bern<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;<\/span>oer h\u00fash\u00e2ldsters<br \/>\nte skamlipwask op Rotterdamske sjipsopflessen<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;<\/span>oer rampetampers<br \/>\nmei famkes fan alve, tsien, acht en jonger<\/p>\n<p><span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;. .<\/span>fellaasjo et spiritu sanctum<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;. <\/span>ferkr\u00eafting yn ekselsius deo<br \/>\n\u00fbnder it fine s\u00e2n fan Sondel<br \/>\nde griene woestinen achter Ferwert<br \/>\nen alle swarte mollebulten boppe Dokkum<\/p>\n<p>de \u00fbnderklasse fan it lichem, altiten \u00fbnder-<br \/>\nfertsjintwurdige, mei lang om let<br \/>\nit ferdomde tekoart dwaan<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>oan balken fearten en spoar<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>ekstatysk yn minetsjen<\/p>\n<p><em>srv en post hearre tenei mear as kwattel en molke te jaan<\/em><\/p>\n<p>lit \u00fas pingpong, triviaal faginaal te potfertar<br \/>\nPyt wol yn it hok<br \/>\nte toeren mei de kruk,<br \/>\nfarrend \u00fbnder de br\u00eagen troch<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;<\/span>wol no<br \/>\nmei de pypkes fan dyn slipke<br \/>\nas knine-earkes<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>gleon op \u2018e kop<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>geil fan slinger<br \/>\n<span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>hyt yn it gewear<br \/>\nfoarby alle dwingers!<\/p>\n<p>pandoer my de boerefluit<br \/>\nlit lypje myn hichteroer<br \/>\nlit pypje dyn skoarstienkoer \u2013<\/p>\n<p><em>What a fuck,<\/em><br \/>\n<em><span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;..<\/span>ropt Anna Blom fan &#8216;e Falom,<\/em><br \/>\n<em><span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;&#8230;. . <\/span>kinst wat minder lulle, ja?<\/em><br \/>\n<em><span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;. <\/span>wat minder prate, hee?<\/em><br \/>\n<em><span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;. <\/span>wat minder sizze, ja?<\/em><br \/>\n<em><span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230; <\/span>al dat neamen, ja?<\/em><\/p>\n<p><em><span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;<\/span>FUCK<\/em><\/p>\n<p><em><span style=\"color: #ffffff;\">&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;&#8230;.<\/span>SHIT<br \/>\n<\/em><\/p>\n<p><em>de lape dyst setst<br \/>\ndy setst mei it setten fan dyn punt,<br \/>\nlul<br \/>\n<\/em><\/p>\n<p><span style=\"color: #ffffff;\">.<\/span><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"aligncenter size-full wp-image-979\" src=\"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2019\/03\/lorigine-du-monde-default23.jpg\" alt=\"\" width=\"700\" height=\"361\" \/><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Der moast in nij wurd foar fagina komme. Bergen synonimen skoden de l\u00easte wiken by de redaksje fan it debatprogramma Iepen-Up troch de bus. Dat gong fan skelpke, paradyske oant en mei it \u00fcberfriesische wurd pompebledsje. By de fierhinne defeministyske wedstriid kaam it wurd flomke lang om let as b\u00easte \u00fat de bus.<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_acf_changed":false,"footnotes":""},"categories":[1],"tags":[],"class_list":["post-981","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-geen-onderdeel-van-een-categorie"],"acf":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/981","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=981"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/981\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":983,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/981\/revisions\/983"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=981"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=981"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=981"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}