{"id":912,"date":"2019-02-19T08:43:47","date_gmt":"2019-02-19T07:43:47","guid":{"rendered":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/?p=912\/"},"modified":"2019-02-19T08:44:23","modified_gmt":"2019-02-19T07:44:23","slug":"yn-memoriam-jelle-kaspersma-1948-2019-syn-dichtsjen-in-butfiskjen","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/2019\/02\/19\/yn-memoriam-jelle-kaspersma-1948-2019-syn-dichtsjen-in-butfiskjen\/","title":{"rendered":"Yn memoriam Jelle Kaspersma (1948-2019) &#8211; Syn dichtsjen in b\u00fbtfiskjen"},"content":{"rendered":"<p>Fan &#8217;t wykein is hinnegien de dichter Jelle Kaspersma (1948), by libben fisker, \u00fbnderwizer, skilder, tekener en kenner fan de Yndiaanske literatuer. Fjildman as er wie, besocht er de l\u00easte jierren omtrint alle dagen in foech tritich, fjirtich kilometer te fytsen, in manier ek om syn longkrupsje\u00a0de baas te bliuwen.<\/p>\n<p>Tegearre mei Hette Tsj\u00eabbinga, ps. fan Tsj\u00eabbe Hettinga (1949-2013) joech er yn 1974 \u00fbnder de namme Kasper Jellema de bondel <em>Loft, l\u00e2n en s\u00e9<\/em> \u00fat, fersen d\u00ear\u2019t er neist syn eigen po\u00ebzy ek de yllustraasjes \u2013 pintekeningen \u2013 by makke.<\/p>\n<p>Dat yllustraasjewurk hie er ek dien by twa oare bondels fan Tsj\u00eabbe Hettinga, t.w. <em>Yn dit l\u00e2n<\/em> (1973) en <em>Fan l\u00e2n, loft en leafde<\/em> (1975). Mei op gr\u00fbn fan dy \u00fatjeften bedarren beide dichters yn 1975 yn de redaksje fan it liter\u00eare tydskrift <em>Hjir<\/em>.<\/p>\n<p>Yn de jierren santich wiene se \u2018gezworen maten\u2019. Se sieten op de kweekskoalle yn Snits, hiene har wurdearring foar in natuerdichter as Gerben Rypma, r\u00fbnen fier mei de po\u00ebzy fan Hugo Claus, Achterberg en Habakuk II de Balker en makken, tegearre mei Anne de Vries en Hiske Rypma de po\u00ebzybondel <em>Ut de Fryske boezem<\/em>.<\/p>\n<p>&#8216;Ik hie yn dy dagen Hans Lodeizen yn de binnenb\u00fbse fan de jas. Fierders wie der Jaques Pr\u00e9vert, Lucebert en ien as Cees Nooteboom,&#8217; liet Jelle Kaspersma my oait witte op de fraach wat er yn dy tiid oan dichters lies. &#8216;Fan de Fryske dichters lies ik Joop Boomsma, Durk van der Ploeg, Geart van der Zwaag en <a href=\"https:\/\/eeltsjehettinga.nl\/ta-de-oantins-fan-binne-lutsen-boarnstra-1946-2011\/\">Binne Boarnstra<\/a>.&#8217;<\/p>\n<p>&#8216;Wy publisearren yn de skoalkrante fan de Kweek. Tjitte Piebenga [de dichter, e.h.] sei \u00fas yn dy tiid niks, wol syn ferhalen, <em>De rook fan mesjester<\/em> en sa. En fierders wie der Dylan Thomas. Ik wit noch dat ik syn stik <em>Onder het melkwoud<\/em> sjoen haw, yn it Amicitiateater yn Snits.&#8217;<\/p>\n<p>Yn de jierren dat er yn de redaksje fan it tydskrift <em>Hjir<\/em> siet, kaam er gauris by \u00fas oer \u2019e flier, op de pleats yn Burchwert. De klots op, de blauwe kile oan, stapte er, klappend op klompen, it grintpaad op.<\/p>\n<p>Elk smookte, as in polysje. Kaspersma likegoed. In neut wie him net tefolle, in grap net te min. Yn de keamer, blau fan alle reek, pinfiske in heit wilens nei de fiskersferhalen fan in dichter dy&#8217;t simmers as fiskersfeint op de ST-safolle bakken jild fertsjinne.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>Yndiaanske kultuer<\/strong><br \/>\nFan Jelle Kaspersma, berne op Starum, ferskynden tusken 1974 en 2007 tolve Frysktalige dichtbondels. Syn deb\u00fat as selsstannich dichter, dus s\u00fbnder oparbeidzjen mei tredden, wie <em>Fan \u2019e beuch &#8211; Fiskersfersen<\/em> (1982), in bondel oer syn wjerfarren as fisker op de Iselmar.<\/p>\n<p>Dy po\u00ebzy kin sjoen wurde as in trib\u00fat oan de doe al sa goed as \u00fatstoarne fiskerij yn de Fryske S\u00fadwesthoeke. De fiskerij sels is in algeduerigen weromkearend tema. Syn dichtsjen, in b\u00fbtsykjen.<\/p>\n<p>D\u00ear sit likegoed in metafoaryske as in po\u00ebtikale komponint by, want dichtsjen is by Jelle Kaspersma in fiskjen op it folsleine wurd. It beslacht in tema dat net s\u00fbnder mystyk is. Nim datoangeande in gedicht as &#8216;<a href=\"http:\/\/www.operaesjefers.nl\/speel.php?id=2639\">It wurd is wei<\/a>&#8216;, te beharkjen by <em>Operaasje Fers<\/em>.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>IT WURGE HERT<\/strong><\/p>\n<p>de winter siket it wurge hert<br \/>\nyn \u2018e deadse stilte fan febrewaris<\/p>\n<p>folge fan syn skerpe maat de wyn<br \/>\nstapt linich foarst froast<br \/>\ntroch gloppen en stegen<br \/>\nkr\u00fbpe wite tsjinners<br \/>\nom syn skonken<br \/>\ndy\u2019t him nei de bek l\u00fasterje<\/p>\n<p>op alle ruten<br \/>\nlit de ingel<br \/>\nfingerprinten efter<br \/>\ntroch de blommen blaas ik gatsjes<br \/>\nom him mar goed te sjen<br \/>\nsnie wisket en kolket m\u00fbskopjend omheech<\/p>\n<p>heit hat de hazzen slachte<br \/>\nbloed smard op klink en drompel<\/p>\n<p>yn in wyld wynderjen fan flokken<br \/>\nd\u00fbnset er \u00fas h\u00fbs foarby<br \/>\nwyn boazet oan<br \/>\nwurdt sniestoarm<br \/>\nblaast yn my de f\u00fbnk ta l\u00f4gjen oan<br \/>\nm\u00fbzels litte my net gewurde<\/p>\n<p>nachts dream ik<br \/>\ndwilend troch syn banken<br \/>\nl\u00fbk djippe spoaren yn it wyt<br \/>\nwylst ik omsweevje<br \/>\nop \u2018e igge fan hjirnei<br \/>\nfrieze myn lytse bitten ta<\/p>\n<p>tank sy it bestjurre bloed<br \/>\n\u00fbntrin ik de passen fan in k\u00e2lde d\u00fbns.<\/p>\n<p>Ut: <em>De tosken yn it gl\u00eas<\/em>, KU (Koperative Utjowerij) Boalsert, 1995.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>Harder<\/strong><br \/>\nJelle Kaspersma wie in smoute en begeistere ferteller. Ienkear op &#8216;e tekst oer syn grutte leafde, de Yndiaanske kultuer, wie er bytiden net \u00a0te h\u00e2lden. It iene ferhaal jage it oare.<\/p>\n<p>Hy sloech gauris yn Amearika om. Hy hie der kunde oan tal fan Yndiaanske skriuwers en dichters, \u00fbnder oaren oan de yn Oklahoma wenjende de Cheyenne-dichter Lance Hanson, fan wa\u2019t er letter de sammelbondel <em>Tonger yn de stien<\/em> \u00fatjaan soe.<\/p>\n<p>Yn Genemuiden, de st\u00ead d\u00ear\u2019t as \u00fbnderwizer foar de klasse stie, mar ek yn Kampen d\u00ear&#8217;t him letter nei wenjen sette, stie it h\u00fbs fol mei yndiaanske relikten en relikwyen: maskers, amuletten, bewurke bonken en frachten Yndiaanske po\u00ebzy.<\/p>\n<p>Hy wie begien mei it lot fan de Yndianen.\u00a0My heucht it ynterview dat ik oait mei him hie yn Genemuiden. Pratend oer de Yndiaanske dichter Lance Henson pakte er in op tafel lizzend knyft en sette dat tusken de tosken.<\/p>\n<p>\u2018Sjoch,\u2019 sei er, \u2018dizze harder, men soe dy Amerikanen, dy heale rotmoffen, sa&#8217;n ding op \u2019e str\u00f4t sette moatte. Men hat gjin idee hoe \u00fbnmeilydsume hurd en wreed Lance syn folk ferh\u00fbdd\u00fbke, str\u00fbpt en \u00fatr\u00fbpele is. Unhuer.&#8217;<\/p>\n<p>Neist syn eigen namme hie er ek in Yndiaanske namme: Yellah Qaspersmah, dy&#8217;t yn 1995, nei in koarte reis troch Amearika, in lyts bondeltsje mei po\u00ebzy yn it ljocht joech, wurk dat titel <em>Yoe-S-EE-rideljee<\/em> j\u00fbn waard.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>Tiid<\/strong><br \/>\nIt l\u00e2nskip, benammen dat fan Gaasterl\u00e2n, de Iselmarkust en Noardwest-Oerisel, nimt yn de po\u00ebzy fan Kaspersma in foarnaam plak yn.<\/p>\n<p>De wredens fan de natuer, de slach om in ferstoarne leafde &#8211; syn earste frou kaam op jonge leeftiid te ferstjerren \u2013 de jacht en erotyk binne, tegearre mei it sykjen om it l\u00easte en folsleine wurd net \u00fbnbelangrike tema\u2019s yn syn wurk.<\/p>\n<p>Syn po\u00ebzy hat in net te ferfrjemdzjen eigen l\u00fbd. Wat d\u00ear net swak yn by spilet, binne syn skerpe ympresjonistyske observaasjes, konkreet en ierdsk, en, last but not least, dy typyske Kaspersma\u00efaanske rjocht\u00fat foar de bargesn\u00fat-toan.<\/p>\n<p>Der binne yn syn oeuvre noch al wat po\u00ebtikale fersen oan te wizen, bygelyks it gedicht\u00a0\u00a0\u2018dichtsje\u2019, mei d\u00earyn de prachtige rigel: \u2018ferskes skriuwe is foar my stiennen steapelje ta de sinne.\u2019<br \/>\nMei bondels as <em>Loft, l\u00e2n en s\u00e9<\/em>, <em>Fan \u2019e beuch \u2013 Fiskersfersen<\/em> en <em>Sleatsw\u00e2l fol kr\u00fbden<\/em>, sis mar it betide wurk, kin Jelle Kaspersma hiel goed neist dat fan it jongere wurk fan Tsj\u00eabbe Hettinga stean.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>Natuer<\/strong><br \/>\nKaspersma skreau yn goed fjouwer desennia in pear h\u00fbndert fersen byinoar. \u2018Der sit mear as ien misdruk tusken\u2019, sa\u2019t er it yn it eardere, hjirboppe oanhelle fers &#8216;dichtsje&#8217; (1975) ferwurde.<\/p>\n<p>Dat sizzen is lykwols net los te sjen fan syn sykjen om <em>yn<\/em> en <em>troch<\/em> it wurd \u2013 en faaks moat dat haadwurd mei in haadletter skreaun wurde \u2013 it w\u00eazen \u00a0fan it libbensels bleat te lizzen. Kaspersma hie yn dat stik fan saken wat achterbergiaansk.<\/p>\n<p>\u2018dichtsje &#8211; ferskes skriuwe is foar my stiennen steapelje ta de sinne en withoe faak de ierde \u00f4fprintsje yn wurden.\u2019<\/p>\n<p>Ek al wurdt syn wurk gauris tekene troch dea, tiid en ferfal \u2013 yn dy sin kin er in romantikus neamd wurde &#8211; it is benammen troch de dichter syn nochter registrearjende toan dat er de nostalgy b\u00fbten de doar wist te h\u00e2lden.<\/p>\n<p>De foarm fan syn fersen is frij. Rym en haadletters \u00fbntbrekke. De ynterpunksje is ta in minimum werombrocht. It giet de dichter yn it foarste plak om de ynh\u00e2ld.<\/p>\n<p>In \u00fats\u00fbndering op dy net foarmf\u00easte po\u00ebzy binne de saneamde trijerigels yn bondels as <em>Sleatsw\u00e2l fol kr\u00fbden<\/em>. Krekt yn dat soarte, nei de haik\u00fb modulearre fersen lit Kaspersma syn skerpe en pregnant formulearre (natuer)observaasjes sjen.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>Maatskiplik belutsen<\/strong><br \/>\nDe dichter hold fan messen en wapens, passend by syn passy foar de jacht en syn niget oan de ynheemske minske, foar him \u00fbnderdiel fan in natuer dy\u2019t nettsjinsteande alle moaiens sa altemets ek, deadlike wreed, syn proai makket.<\/p>\n<p>Yn it fers \u2018winchester 30-30\u2019 giet dat fan sa: \u2018bliid draaf ik it hiem op \/ mei myn nije 30-30 \/ aai it fette swarte slot \/ \u00e2lve patroanen der yn \/ kolf tsjin skouder \/ h\u00e2n yn hendel \/ nei foaren \/ silvertippatroan falt \/ &#8211; hendel nei efteren &#8211; \/ yn keamer \/ slot klik ticht \/ (\u2026) skot befrijt k\u00fbgel \/ galmet katoenfjilden oer \/ bast en spuonnen witw\u00earsanne stowend (<em>Bleatlein<\/em>, s. 42)<\/p>\n<p>Yn de jierren njoggentich besoarge er twa grutte bloml\u00eazings mei po\u00ebzy en proaza \u00fat de Yndiaanske literatuer: <em>De aarde is ons vlees: bloemlezing uit het werk van zevenentwintig Indiaanse dichters\u00a0<\/em>en <em>Hoe de verhalen in de wereld kwamen<\/em>, in tsjokke, trijeh\u00fbndert siden tellende antology mei wurk fan sechstjin Yndiaanske skriuwers, beide \u00fatkommen by \u00fatjouwerij <em>In de Knipscheer<\/em> yn Haarlim.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>\u2018it wurge hert\u2019<\/strong><br \/>\nGeandewei de jierren njoggentich rekke er wat langer wat mear by de Fryske literatuer wei. Dy hiele blikseme binde koe him stellen wurde. Legindarysk is syn konflikt mei literatuerbefoarderer Teake Oppewal, ien fan de gearstallers fan de bloml\u00eazing <em>Spiegel van de Friese po\u00ebzie\u00a0<\/em>(1993).<\/p>\n<p>Geandewei de jierren njoggentich rekke er wat langer wat mear by de Fryske literatuer wei. Dy hiele blikseme binde koe him stellen wurde.<\/p>\n<p>Neffens de bloml\u00eazer soe it wurk fan Kaspersma te min kwaliteit hawwe. Dus eksit. Lit my yn dit stik fan saken Binne L\u00fatsen Boarnstra <a href=\"https:\/\/eeltsjehettinga.nl\/ta-de-oantins-fan-binne-lutsen-boarnstra-1946-2011\/\">sitearje<\/a>, in dichter dy\u2019t oait ek ta de r\u00fbnte fan de dichtsjende Snitser kweekskoallestudinten hearde en dy\u2019t troch Frysk ynstit\u00fasjoneel geweld ek gauris b\u00fbten de liter\u00eare boat falle soe.<\/p>\n<p>\u2018Earst waard Jelle it maaiem yn holpen, Kas\u2019 syn wurk wie neffens Oppewal net de muoite wurdich, it koe dus net yn <em>de Spiegel<\/em>. Mar Jelle wie in knappe dichter, dy naam fuortdaliks rev\u00e2ns troch it jier d\u00earnei de Rely Jorritsmapriis binnen te heljen.\u2019<\/p>\n<p>Lykwols, Frysl\u00e2n hat der slach fan om syn eigen talinten de tinte \u00fat te jeien. Mei troch it Oppewal-trelit krige Kaspersma wat langer wat mear syn nocht fan de Fryske literatuer. Wol hiem mar net th\u00fas. Stadichwei waard it stil.<\/p>\n<p>Ut en troch ferskynde noch in inkelde tydskriftpublikaasje. Ien fan de l\u00easten wie it lange, trettjin strofen tellende wintergedicht &#8217;trajekt Sleat-Starum&#8217;, publisearre yn <em>Ensafh<\/em>. Ik helje d\u00ear de l\u00easte strofen fan oan:<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>harmony en fanfare begeliede myn flechtsjen<br \/>\nby it feest fan iis en snie wei<br \/>\noanklaud mei de wiere kjeld yn \u2019e bonken<br \/>\nlit ik sleat gewurde<br \/>\nen stek oan by de herberch fan de bargebek<br \/>\nmar de doar is hermetysk sletten<\/p>\n<p>ek yn frysl\u00e2n moat it \u00e2lde folk<br \/>\nsk\u00fblje yn de hernen en klinten fan de tiid<br \/>\nbesykje om de flok fan de harre seine<br \/>\nte \u00fbntrinnen sa\u2019t ek myn bloed<br \/>\n\u00fat \u2019e wei kr\u00fbpt efter myn wiere gesicht<br \/>\nen yn de ieren en sinen fan myn lea slommet<br \/>\nkrekt<br \/>\nnet frysk gen\u00f4ch om te br\u00fbzen en te sieden<\/p>\n<p>de k\u00e2lde master jachtet oer de baan<br \/>\nsyn flymskerpe izers blikkerje<br \/>\nmoardzjende iisnullen yn de eagen<br \/>\nfan de lju dy\u2019t aansens east en noardenop moatte<\/p>\n<p>de nachtmerje foarbyriden<br \/>\nsm\u00fbk sitte en oan \u2019e kofje mei kleare by max<br \/>\nwol hiem mar net th\u00fas fansels<br \/>\nlit ik de snie stowe<br \/>\nwyt wurdt myn trajekt wiske<\/p>\n<p>it is oeral noch fanfare en harmony<br \/>\nop dit feest fan snie en iis<br \/>\nd\u00ear\u2019t ik<br \/>\nneat mear te sykjen ha<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>De bondel <em>Ieneach kening<\/em> \u00fat 2007 soe syn l\u00easte boek\u00fatjefte wurde. Yn de Fryske liter\u00eare tydskriften wie der eins gjin omtinken mear foar syn wurk. De l\u00easte, wat gruttere stikken oer syn po\u00ebzy datearje fan in fyftjin jier ferlyn.<br \/>\nwinter<\/p>\n<p>De l\u00easte jierren besocht er, fjildman as er wie, hast alle dagen in foech tritich, fjirtich kilometer te fytsen, in manier ek om syn\u00a0<a href=\"https:\/\/mens-en-gezondheid.infonu.nl\/aandoeningen\/73976-copd-symptomen-gevolgen-behandeling-en-medicatie-copd.html\">COPD<\/a>\u00a0&#8211; in kwaal dy&#8217;t wy dielden &#8211; de baas te bliuwen.<br \/>\nFan&#8217;t wykein kaam Kapersma te ferstjerren as gefolch fan oare komplikaasjes. Dizze snein, mei sinneskynwaar is my in swarte snein.\u00a0Ofr\u00fbne wykein kaam de dichter te ferstjerren. \u2018Winter [socht] it wurge hert \/ yn \u2019e deadse stilte fan febrewaris.\u2019<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Fan &#8217;t wykein is hinnegien de dichter Jelle Kaspersma (1948), by libben fisker, \u00fbnderwizer, skilder, tekener en kenner fan de Yndiaanske literatuer. Fjildman as er wie, besocht er de l\u00easte jierren omtrint alle dagen in foech tritich, fjirtich kilometer te fytsen, in manier ek om syn longkrupsje\u00a0de baas te bliuwen. Tegearre mei Hette Tsj\u00eabbinga, ps. [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_acf_changed":false,"footnotes":""},"categories":[1],"tags":[],"class_list":["post-912","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-geen-onderdeel-van-een-categorie"],"acf":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/912","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=912"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/912\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":918,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/912\/revisions\/918"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=912"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=912"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=912"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}