{"id":1058,"date":"2019-03-30T12:31:56","date_gmt":"2019-03-30T11:31:56","guid":{"rendered":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/2019\/03\/30\/bydrage-lc-rubryk-moanne-fan-it-fryske-boek-de-fryske-poezy-libbet-noch\/"},"modified":"2019-03-30T12:31:56","modified_gmt":"2019-03-30T11:31:56","slug":"bydrage-lc-rubryk-moanne-fan-it-fryske-boek-de-fryske-poezy-libbet-noch","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/2019\/03\/30\/bydrage-lc-rubryk-moanne-fan-it-fryske-boek-de-fryske-poezy-libbet-noch\/","title":{"rendered":"Bydrage LC-rubryk \u2018Moanne fan it Fryske boek\u2019: De Fryske po\u00ebzy libbet noch &#8230;"},"content":{"rendered":"<p><em> Hjoed yn de LC-rubryk &#8216;Moanne fan it Fryske boek&#8217; in skriuwen oer de Fryske po\u00ebzy en in tal belangrike dichters. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it tal sels is te lyts. De basis is te smel. <\/em><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-full wp-image-33938\" src=\"http:\/\/eeltsjehettinga.nl\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2019\/03\/Tempo-der-strasse.jpg\" alt=\"\" width=\"940\" height=\"400\" \/><\/p>\n<p>&#8220;De Fryske literatuer stiet oer alle boegen \u00fbnder druk. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it tal sels is te lyts. De basis is te smel. Net om &#8216;e nocht wie der juster op de Fryske Akademy in krisis-sympoasium oer de frisistyk.<\/p>\n<p>En dochs libbet de Fryske po\u00ebzy, as in hart. In leger oan foardragers stapt tsjintwurdich, al sjongend, sprekkend en slammend, it l\u00e2n troch. Muzyk- en literatuerfestivals as \u2018Welcome to the Village\u2019 of \u2018Explore the North\u2019 l\u00fbke alle jierren h\u00fbnderten besikers.<\/p>\n<p>It binne de (poadium)dichters dy\u2019t de kearn fan de orale po\u00ebzy \u2013 it magysk sprekken \u2013 ferbine mei alderhande keunstdissiplines, fan muzyk, fideo oant en mei d\u00fbns.<\/p>\n<p>D\u00earmei kom ik \u00fat by it wurk fan in tal belangrike dichters, dat boppedat in net \u00fbnfertsjinstlik plak hat yn it Nederl\u00e2nske liter\u00eare systeem: Tsj\u00eabbe Hettinga, Anne Feddema, Albertina Soepboer, Elmar Kuiper en Tsead Bruinja.<\/p>\n<p>Ek al heart Arjan Hut net daalks by dat rychje, dochs moat er hjir neamd fanwegen syn boartlikens, fernimstigens en humor.<\/p>\n<p>In hichtepunt is it noch altyd like aktuele <em>Oh in st\u00ead, ah in l\u00e2n<\/em> fan Tiny Mulder, in syklus fersen oer Veneti\u00eb en Frysl\u00e2n dy\u2019t harren kultuer fierhinne bepaald witte troch de striid tsjin it wetter, de see.<\/p>\n<p>D\u00earneist steane, allike krachtich, byldryk en universeel, de twa grutte skeppingsgedichten \u2018stadich brekke de foarmen \u00fat \u2019e skyl\u2019 en \u2018de greate wrakseling\u2019 fan Hessel Miedema.<\/p>\n<p>De earste oer in jong famke dat stadichwei har eigen seksualiteit \u00fbntdekt. De twadde oer de byldhouwer dy\u2019t foar fernijing fjochtet en him net f\u00eastlizze litte wol in \u00e2lde, bestjurre foarmen&#8221;<\/p>\n<p>Eeltsje Hettinga \u2013 <a href=\"http:\/\/www.dichterfanfryslan.nl\">Dichter fan Frysl\u00e2n<\/a><\/p>\n<p><span style=\"color: #ffffff;\">.<\/span><br \/>\nsjoch ek:<\/p>\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none\">\n<ul>\u200b<\/p>\n<li>Eeltsje Hettinga &#8211; <a href=\"https:\/\/eeltsjehettinga.nl\/afuk-c-s-litte-it-sitte-by-de-fryske-boekemoanne-en-it-frysk-boekebal\/\">De Af\u00fbk lit it sitte by de Fryske boekemoanne en it Fryske boekebal<\/a>, webloch, 1 maart, 2019.<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<p>\u200b<\/p>\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none\">\n<ul>\n<li>Eeltsje Hettinga &#8211; <a href=\"https:\/\/eeltsjehettinga.nl\/ljouwert-unesco-city-of-literature\/\">Ljouwert, Unesco City of Literature<\/a>, webloch, 4 maart 2019.<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<p>\u200b<\/p>\n<ul>\n<li>Eeltsje Hettinga &#8211; <a href=\"https:\/\/eeltsjehettinga.nl\/droom-in-blauwe-regenjas-en-de-stand-van-zaken-nu-ii\/\">Droom in blauwe regenjas en de stand van zaken nu<\/a>, deel II, webloch, 6 april, 2016.<\/li>\n<\/ul>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><iframe loading=\"lazy\" src=\"https:\/\/www.youtube.com\/embed\/lOjhL4iM3ns\" width=\"660\" height=\"400\" frameborder=\"0\" allowfullscreen=\"allowfullscreen\"><\/iframe><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Hjoed yn de LC-rubryk &#8216;Moanne fan it Fryske boek&#8217; in skriuwen oer de Fryske po\u00ebzy en in tal belangrike dichters. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it tal sels is te lyts. De basis is te smel. &#8220;De Fryske literatuer stiet oer alle boegen \u00fbnder druk. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_acf_changed":false,"footnotes":""},"categories":[1],"tags":[],"class_list":["post-1058","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-geen-onderdeel-van-een-categorie"],"acf":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/1058","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=1058"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/1058\/revisions"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=1058"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=1058"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/dichterfanfryslan.nl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=1058"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}