Dondervogels

heeft het verleden echt bestaan?
heeft het wortels in het diepe duister
heeft het als een roofdier scherpe tanden
stroomt het als de Styx onder onze voeten?

ik kaam hjir nei ta om de Swette te sjen
ik kom no út en troch op besite
we ferflokke de lieders en priizje se
drinke kofje
eidzje de dei oer

heeft het verleden werkelijk bestaan?
als ik op de hoogste toren van Friesland sta
kan ik dan zien waar ik vandaan kom?

ik kaam hjir nei ta om de Ie te sjen
om te witten wat der noch wie
hokker skeakels de ferbiningen lizze
kinst einleas stilstean, fansels
foarút, stek mar oer
alles is dêr

heeft het verleden werkelijk bestaan?
kun je het overal zien
zoals iemand die bang is
overal de vijand ziet?

en hjir, ik kaam hjir
om de Snitsermar te sjen
te witten wat ferlern gie
te witten wat der oerbleaun is
te witten hoefolle ôfstân en hoefolle ferbining
oft de konstruksje my fertelt

wakker in het ochtendlicht
hoor je de nieuwste generaties straaljagers
vloeken door de wolken
hoog boven de stad

se steane dêr, ik sjoch se
net de oarekant op sjen
it binne ús fijannen net
sammelje fleantúchjes, boartsje der net mei
ûnderskat de krêft fan wurden net
flean, flean, flean

misschien is het zo
dat vrijheid en vrede
net als poëzie
liever de omweg kiezen

ik kaam hjir nei ta om de brêge te sjen
ik bleau stean, tocht nei, seach
swaaide nei de oarekant
dêr stiene se, minsken
like oars as ik

 

 

Arjan Hut en Marrit Jellema (Stadsdichter van Leeuwarden)
Vertaling: Jantsje Post