Eeltsje Hettinga 20/06/2019

Op Wyns – Yn it skaad fan de stien

Foar A.H.

 

Troch it each yn de stien fan K.
Koene wy, lizzend op knibbels,
De Ie omtrint lizzen sjen, as soe
Al wat sliepte wer syn stream nimme.
Griis wie de loft, in mei pleisters
Tichtplakt kefert. Wolkens fearen oer
De pont en net thús te bringen
Klonken stimmen yn ’e hôfsbeammen.

By it gat yn it skaad fan de stien
Foel it ljocht ovaalwei oer gers en paad
Oant de sinne syn macht ferlear
En foarby it terras as in slange
De Ie ynglied, net oars as wy dy’t
Opstapten, goenacht en dág-dág,
Weromkearend ta it alderearste wurd,
Azem dy’t tiid ta taal makke.

 

 

Lês ek: ‘Een gat in de schaduw’