Op Skiermûntseach

(Praktyske ynfo foar de Meet Me at the Lighthouse-gast)

Yn ’e lytse kapel rûkt it nei hjerst en poëzy.
De kafees en hotels sûgje har fol wylde dichters,
mar dy nimme, alles sizzend, sa min mooglik romte yn.
It eilân is gjin dei itselde eilân.
Einleas is de oare kant.
Nee, do meist net de reade fjoertoer op.
Freegje by boekwinkel Kolstein:
‘Ik wil stokmonniche neje búeken oontjúege.’
De sinne is swier en sakket wei yn de neimiddei.
It ljocht reflektearret op de mammoettanker oan de hoarizon.
Mient in skriuwer: ‘Dat is gjin skip, it is de âlde stêd Oslo,
losbrutsen út it hege noarden wei’ … stap dan rêstich fierder.
Letter silsto dizze dagen misse.
De see is lûd, de wyn blaast fjouwerstimmich.
Oefenje morsekoade, knipperje mei de eagen.
Kinst inoar somtiden amper ferstean.
In wolk ritst iepen.
Tsjokke drippen spatte donkerblauwe kraters yn de taal
en boppe it wetter sweeft, salang’t it reint,
in see fan útroptekens.
Have fun!!!
Nachts kinst de stjerren plôkje,
mar lit se net achter op it strân.

(Ek út namme fan de organisaasje, tige tank.)