Lighten up, Kim Jong-un

se iepenje it fjoer

dizze nacht, mei linten ôfset, achter wite skermen

se iepenje it fjoer
op it âlde hûs

wa iepenet it fjoer?
de fijân iepenet it fjoer!
ík iepenje it fjoer
joost oomen iepenet it fjoer
de afûk, kapitein haddock, dichterskollektyf rixt, mahatma gandhi en de sosjale fersekeringsbank iepenje it fjoer

sinteklaas iepenet it fjoer

wylst de wyn gûlt
wylst de moanne hinget yn it tsjuster as in bleek gedicht

iepenje pasifisten it fjoer, iepenje warleaze miljardêrs dy’t beskerme wurde moatte tsjin sosjalisten it fjoer, iepenje multinasjonals op e-bikes, mansplainers op jezus-nikes, influencers skoaiend om likes it fjoer
op it âlde hûs

en de wyn klapt en de hûnen janke en de bitcoins rattelje

de bern dy’tsto betrapest mei rotsjes yn it park fier foar âldjiersnacht
iepenje it fjoer

arne slot yn liverpool iepenet it fjoer

switserlân en tibet iepenje it fjoer

somtiden wurdsto wekker yn dyn âlde keamer
krekt as staptsto sa werom
nei doe, leit
earder om ’e hoeke

it âlde hûs –
bedobbe yn de tún dyn earste stappen, njonken
de bonken fan de hûn dy’t fuortrûn yn ’e bosk

it famke dat nea bestien hat
sit mei har boekje yn ’e finsterbank

heit en mem, al iuwen útmekoar
dochs fregesto,

sinteklaas, is u daar?

mei ik in plak om thús te neamen foar altyd?

mei ik in list fan alle minsken dêr’t tenminste ien god sûnder betingsten achter stiet

mei ik in wurdboek fan de taal fan it folk

mei it in kear stil wêze

(….) want alle dichters mei in goed hert en alle dichters mei minne bedoelings iepenje it fjoer

m. vasalis iepenet it fjoer
t.s. eliot iepenet it fjoer
emily dickinson iepenet it fjoer

boem oer de leanen en de fearten en de greiden
boem skroeit op it doarp oan

boem krûpt fan skrik ûnder de bêden

mar hjir is neat te rêden, neat, noch net

sa leisto wekker, dizze nacht, mei linten ôfset
en ferburgen achter wite skermen