it waait licht as snie
oer de smelle achtertún
it tinste flueske iis
yn de amer mei reinwetter
njonken de hoksdoar
dêr driuwt in mûs
syn kopke stekt boppe it oerflak út
is der in god dy’t yn mûzen leaut
om harren jout en harren hoedet?
we stjoere mûskes mei de romte yn
dizze sjocht omheech mei iepen eagen
spjeldeprikken fan de nacht
de amer jit ik leech
ûnder de flinterstrûk
krekt foardat de doar tichtklapt
spat de swarte kat nei bûten