De oertocht

oktober,
de maitiid fan
de dea,
skreau m. vasalis

en dat op de grutte see
gjin beammen binne

op ’e fearboat
lês ik har gedichten
de wurden
meitsje my waarm