De Hounspolder

yn dizze einleaze see dy’t gjin see mear is

ûnder de reek fan de grutte dream
ûnder de amerikaanske motormûne
ûnder de wjokslach fan de nacht

skûlet in plak dêr’tsto ferjitte kinst
datsto minske bist – en skries en skril en ljip
datsto azem bist – en gers, en loft, en skiednis

wat bliuwt der fan dy oer?

in momint yn in momint, net mear, in weach
yn in weach, in komma, en in moai begjin –
om it allegear hielendal oars te dwaan

do leist twa skulpen mei de herten tsjinmekoar
en sjoch, it lykje krekt twa wjokken