Alles goed

op ’e gewoanste plakken, yn in glimk,
op foto’s, online, komst ien tsjin,
dy oare, dy’t krekt op dy liket
en dyn libben libbet
sa’t it wêze moatte soe

dy frjemdling, ljocht en waarm en hertlik
dy bloeiende stjer fan dysels, bûten dysels

dy’tsto samar heardest, achter yn de simmer
yn it blauwe ljocht
doe’t de buorman rôp alles goed? silst wer studearje?
en dy dûbelgonger knikte, ja, noch even,
ja, alles goed.