It gedicht ‘de greate wrakseling’, yn 1963 foar it earst publisearre yn it eksperiminteel literêre tydskrift Quatrebras (1954-1966), tekenet de striid fan in byldhouwer dy’t foar fernijing fjochtet. Hy wol him net fêstlizze litte yn âlde, bestjurre foarmen. Parallel oan dat proses rint de op- en delgong fan ferskillende beskavingen en kultueren.

De earder assosjative as kausale wize fan wurkjen, it ferfrisseljen fan eleminten út ferskillende kultueren en keunstdissiplines, de lichaamlikens fan it byld en, net te ferjitten, de meartaligens, it binne mar in pear fan de moderne poëzy-izers dy’t Miedema in goed fyftich jier ferlyn al yn it fjoer hie.

De besieling, passy en driuw dy’t sawol ‘de greate wrakseling’ as ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ jeie en de manier wêrop’t de dichter mei nije foarmen omgûchelet, hawwe yn de Fryske poëzy amper har gelikens.

It is dit wurk, nei foarm kompleks en nei ynhâld byldryk en universeel, dat mear as Miedema syn koarte ferhalen de tiid treast wêze sil.

skepping

‘De greate wrakseling’ lit him lêze as in moderne, iepen fabel oer de ûnútspreklike oarsprong fan de skepping sels en de wrakseling fan de skeppende keunstner.

Der is sprake fan in noait net foltôge evolúsje, oan ’e iene kant bepaald troch it bouwen, oan ’e oare kant troch it brekken. Ferneatiging is by Miedema skepping en oarsom.

Dat yn himsels paradoksale begjinsel jildt net allinne foar it ferrin fan de inoar opfolgjende kultueren, mar ek foar de ûntjouwing fan de skeppende keunstner. Elke dichter en elke kultuer syn eigen Kronos.

Yn it sykjen nei oare wegen, neam dat fernijing, moat de byldhouwer himsels bytiden teneate dwaan, sa’t Kronos, de Grykske god, net oars koe en bring syn eigen heit om hals.

‘in kunstwurk is in ding dat er forjitten hat stikken to slaen’

Skaait de ynhâld fan ‘de greate wrakseling’ de kant út fan it dionysyske (de gaos, it suver sintúchlike en de lyryske rûs), dêrfoaroer binne de struktuer en komposysje fan it gedicht mear apollinysk (it trochtochte, regelmjittige en bewust bouwende).

oertaal

It is de byldhouwer dy’t syn keunstwurk al eksperimintearjend ta libben bringe moat. Der is in oertaal dy’t, djip yn de tiid ferskûle, wekker skodde wurde wol. Oan de byldhouwer om dy taal op ’en nij foarm en gesicht te jaan.

It materiaal dêrfoar hat er dus ‘allegearre al yn hannen’. It moat yn en troch de taal, al taastende- en sykjendewei, ta in nije werklikheid brocht wurde.

Mei it each op de dichter syn referinsjes oan it gilgamesepos en fierderop oan Tao en de I Ching kin men ek hinnegean en sis op grûn fan it essay ‘Tradition and the Individual Talent’ fan de Ingelsk-Amearikaanske dichter T.S. Eliot dat it werklike fernijende him net sit yn dat wat him fan de tradysje ûnderskiedt, mar krekt yn dat wat him dêrmei ferbynt.

nim
de byldhouwer hat it allegear al yn ’e hannen
(…)
seach hûndert bitiisde neonseinen oan en útflakkerjen
seach heale warskôgingswurden ûnbigryplik forbjustere
skombekjend hakke syn hele hûs ûnder de hiëroglyfen
en seach de nije tekens har foegjen ta meidielingen
wist in forgetten forstiene oertael yn him wekker
en stomforheard lies op syn muorren hiëratysk it gilgameshepos

It meitsjen en skeppen is in betingst om himsels ‘út syn mulrift’ wei bewust te wurden fan syn eigen ik. Konkreet, wol de byldhouwer de kearn fan syn yndividualiteit bedjipje en foarmjaan en dêrmei syn eigen frijheid, dan komt er, mits er werklik nij wêze wol, foar in kar te stean.

Om dy reden sil de keunstner sa altemets net inkeld syn eigen keunstwurk ferniele moatte, mar op in oar nivo ek de besteande etyske en estetyske wearde-oardielen, likegoed dy fan himsels as dy fan de wij-minske.

Dy kamp tekenet foar in part de eksistinsjele need(saak) fan Miedema syn poëzy. De byldhouwer (lês: de dichter) is by definysje in yndividualist, in ienling dy’t, dreaun troch in eigen (meast tragyske) kearn, ynderlik twongen is en gean alle kearen weroan nije en oare wegen.

irony

It moderne en eksperimintele karakter fan ‘de greate wrakseling’ sit him foar in grut part yn de foarm en styl, bygelyks yn de perspektyfwikselingen, de ironyske distânsje en yn saken as de typografy.

It is smaaklik laitsjen bywannear’t de ferskillende fertelsituaasjes radikaal ûnderbrutsen wurde mei de dichter syn spotske kommentaren as ‘ja sa giet dat ommers’ (sang 8), ‘ik sels ommers (gewoan miedema) ha it ek besocht dêr bij jimme’ (sang 11) of mei in rigel as ‘né, dan ik stil nou even’ (sang 25).

Yn neifolging fan Paul van Ostaijen syn Bezette Stad kinne Miedema syn typografyske boarterijen ek ‘wurd-jazz’ neamd wurde, sis mar, in grafyske foarm fan poëzy.

Sa is de út trije rigels besteande sang 16 bygelyks foar in fjirdel part ûnlêsber. In fersin, in misprintinge? Nee. De saneamde fading away fan in tal rigels en wurden is in strofe fierderop, sij it dat it noch altyd om sang 16 giet, wól lêsber (makke).

Dat taalspul tsjinnet as in soarte fan kontrapunt foar wat der yn de trije neifolgjende sangen (17-19) op it aljemint brocht wurdt: in lange filippika tsjin it boargerlik-moralistyske en estetyske keunstfolk: ‘ah witte presys hwat moai is / witte presys hwat wij fijn fine / fotografearje dat wol wer even / ôfdrukke mar wer’.

anty-hierargysk

Hessel Miedema sloech yn de Fryske literatuer nije, moderne wegen yn. Lit my yn dat ramt noch in tal oare foarmtechnyske saken neirinne: 1) it ferwurkjen fan eleminten út ûnderskate keunstdissiplines, 2) de yntertekstuele ferwizings, ek al wie it begryp yntertekstualiteit destiids noch net gongber, 3) de meartalichheid en 4) de kompleksiteit.

De komplekse, goed trochtochte opbou en struktuer fan it gedicht slúte oan by de tolve-toanentechnyk, sa’t dy tapast waard troch komponisten as Arnold Schönberg. Al yn de earste rigel fan ‘de greate wrakseling’ rept de dichter fan dy komposysjetechnyk, de dodekafony.

Neist de muzyk is der de byldhoukeunst, by útstek de keunst fan it each, en dus fan it byld. It tiidwurd ‘sjen’ is fan datoangeande in kaaiwurd. Yn de tekst komt it, wol teld, mar leafst fyftjin kear werom. Fuort yn de iepeningsrigel is it al raak: ‘dit wurde de sangen sjoch wij dodekafonysk’.

It is de byldhouwer dy’t yn syn dreamen de hieroglifen sjocht, hy moat sjen oft er de betsjutting derfan foarm, lûd en gesicht jaan kin. De âlde tekens moatte har lang om let ta nije meidielingen en oare werklikheden foegje.

Yn it essay ‘Aan de mond van al die rivieren’ skriuwt Redbad Fokkema oer oare en nije werklikheidskonsepten: ‘Het gaat om iets van het oorspronkelijk Zijn (om niet het religieus beduimelde woord ‘zuiverheid’ te gebruiken) te (her)ontdekken en van daaruit opnieuw te starten.’

Easten

Dat ‘(her)ontdekken’ is ien fan de meast essinsjele eleminten yn Miedema syn poëzy, net allinnich yn ‘de greate wrakseling’ mar ek yn ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’, dat oare grutte, yn 1962 publisearre gedicht oer in jong famke dat har eigen seksualiteit ûntdekt en belibbet.

yllustraasje út ‘de greate wrakseling’

Fierders kinne de yllustraasjes, mei-inoar sân yn tal, net los sjoen wurde fan de ynhâld. Se ûnderstypje de tekst. Ien fan de byltenissen is in gatterich stik hout, mei jierringen, wylst op ’e achtergrûn de print fan in easterske krante te sjen is.

De byltenis fan in kistke mei dêrop in salamanderachtich teken dat dêr by oanslút, kin ferbûn wurde mei de dichter syn ynteresse foar it Easten, yn it bysûnder foar de I Ching.

Yn in apart stelde rigel tusken sang 26 en 27 hellet Miedema bygelyks it neifolgjende by de Tao hearrende sizzen oan: ‘lodehead lodehead-brooking: no forewonted ladehead / namecall namecall-brooking: no forewonted namecall’.

It gedicht sels einiget, oer Sina en Tao praat, net om ’e nocht mei in ferwizing nei yin en yang.

‘hij rôlle de wrâld op yn syn sliepmatte sei er
yn ‘e nawle fan myn frou lês ik yin en yang’

meartaligens

Yn ‘de greate wrakseling’ wurde net te min talen brûkt, se rinne fan ‘THE highest bidder to be the Buyer’ oant en mei in iroanysk kommentaar as ‘et revenons à nos moutons’.

As de dichter de kristlike en Fryske taalideologyske fermiddens op it harspit nimt, docht er dêr mei in sarkatysk brûken fan swartbibelsk Nederlânsk in fikse skep boppe-op:

‘godvreesachtig slechts de 173 heren heren ziet
zij strekken hunne wijsvingeren ten hemel
wetende alleen in hunne boeken 173 chotspewijzen
ús hollânsk is ûnskealik genôch’

De meartaligens yn de poëzy fan Miedema wie destiids nij. Ymplisyt makke de dichter dêr in moaie lange neus mei nei de Fryske Bewegers. Tagelyk jout de meartaligens oan de poëzy sels in ekstra betsjuttingslaach.

It iepen en kosmopolityske karakter fan ‘de greate wrakseling’ is typysk foar de moderne poëzy sa’t dy yn de Europeeske literatuer fan sa nei de Earste Wrâldkriich syn gesicht krige.It ûnderlizzende tinken dat dêrmei mank is, stiet yn skerpe tsjinstelling ta bygelyks de poëzy fan Obe Postma. Dêryn binne de opposysjes eins yn ’t foar al mei-inoar fersoene omdat útgien wurdt fan alderhande a priori fêststeande ideeën, lykas it alles omfiemjend idee fan it Iene.

ôfskied

‘De greate wrakseling’ is ta in hichte de prelude op Miedema syn ôfskied fan de Fryske literatuer. Syn konservatorskip by Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hie er yn 1963 ynruile foar in baan as wittenskiplik meiwurker oan de Universeit van Amsterdam.

As keunsthistoarikus lei er him ûnder mear út op it wurk fan de Flaamske keunsthistoarikus en skilder Carel van Mander (1548-1606). Letteroan soe er oer it wurk fan Van Mander syn dissertaasje skriuwe.

Mei de Fryske literatuer wie er wol klear. Yn april 1964 publisearre er yn Quatrebras – Miedema wie fan 1961 oant en mei 1963 redakteur – syn lêste wurk, de rige gedichten ‘Lêste fersen’, mei dêryn it wilens klassike sizzen: ‘ook Friesland had haar modernistische bewegingen’:

‘Ik bin altyd sa’n nuvere kloat
Forsiere mar wer yn ús eigen taal
(och, it wurdboek ha’k der altyd bij)
Jonges ik wurkje hjir oan myn dissertaesje
Jonges ik skriuw net mear (wer)
Jonges ik dichtsje net mear foar jimme
Ik bigryp wol dat dat biroerd is (foar jimme)
mar ik ha wol hwat oars to dwaen
Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer siz mar

Ook Friesland had haar modernistische bewegingen

En dit is dan meteen het laatste woord
Fries dat ik heb geschreven ook.’

Mei dy rigels sei de dichter winliken: jonges, dy yn ’t neigean ferkearende lytse Fryske literatuer jout my as keunstner en persoan gjin hâldfêst mear, ik kin dêr net langer in identiteit oan ûntliene.

‘meer een dialect dan een taal’

Mei syn poëzy en kultuerkrityske stikken soarge Miedema foar in ûntmytologisearjen fan wat Fryslân hjitte te wêzen. Yllustratyf is de út 1965 datearjende ‘Brief, in skriuwen oan de redaksje fan it tydskrift Quatrebras.

Dêryn sei er dat ‘de Friestalige literatuur te allen tijde een enigszins verlate afspiegeling [is] geweest van wat elders gaande was (geweest); dat de Fryske litteratuer daarom als een regionale/ provinciale gezien moet worden die zich sinds de activiteit van de Fryske Biweging bovendien door bewust achterblijven distancieert van het/de nagevolgde literaire centrum/ centra; en dat het Fries dus ook in dat opzicht meer een dialect dan een taal is te noemen (dit laatste stelde ik toen aarzelend; bij dezen bevestig ik het.)”

Miedema einige ‘Brief’ mei it mei klam stelde fersyk: ‘Noem mij niet meer.’

Yn de resepsje fan ‘de greate wrakseling’ dy’t nei ynhâld gauris de absurde en surrealistyske kant neist is, hat by de jierren lâns gauris in protte tsjinnichheid te fernimmen west.

De dichter Willem Abma repte bygelyks fan ‘ien grutte wurdebrij’. In haadredakteur fan de Ljouwerter Krante hie it destiids oer ‘klearebare rim-ram yn ‘e romte (…) in bewiis fan literêr ûnfermogen, mar ek fan ûnfatsoen tsjin eigen folk en taal.’

Allike ôfwizend, mooglik út gemaksucht of klearebare loaiens, is ek de gauris weromkearende klacht dat men him/ har net mei de tekst ferienselvigje kin.

salút

Ferline hjerst by de iepening fan in útstalling oer Quatrebras yn Tresoar – Hessel Miedema makke lange tiid de omslaggen wylst er ek de typografy foar it tydskrift die – wie der eefkes de hope dat de dichter dêr noch syn opwachting meitsje soe. It waard him net.

Wapene mei reade en blauwe megafoans deklamearren skriuwster Elske Schotanus en dichter Arjan Hut by dy iepening nochris it epos fan ‘de greate wrakseling’, yn syn soarte in earesalút oan de dichter dy’t de nei-oarlochske Fryske poëzy op nije en moderne wegen sette.

By dy útstalling yn Tresoar waard ek noch werris dúdlik hoe baanbrekkend en grinsferlizzend de poëzy fan Hessel Miedema west hat. Mannich Fryske skriuwer en dichter dy’t skatplichtich oan him is.

Mei Hessel Miedema is hinnegien is in markante persoanlikheid, in belangrike dichter mei in lyts, mar ynfloedryk oeuvre.

©Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, 25 april 2019

yllustraasje út ‘de greate wrakseling’

" />

Hessel Miedema (1929-2019) – Baanbrekkende Fryske poëzy

26/04/2019

(26-04) Hy is de fader fan de moderne nei-oarlochske Fryske poëzy, Hessel Miedema. De ferline wike ferstoarne dichter, keunsthistoarikus en âld-konservator fan Keramykmuseum Princessehof skreau ûnder mear ‘de greate wrakseling’ en ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’, baanbrekkende poëzy, hichtepunten binnen de Fryske literatuer. In skôging by wize fan in memoriam.

Arjan Hut new Poet of Fryslân: ‘Less WiFi, more poetry!’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) was officially appointed as the new Poet of Fryslân by deputy Eke Folkerts today at the Explore the North festival in Leeuwarden. The appointment is for two years. Arjan Hut is the fourth Poet Fan of Fryslân and the successor to Sigrid Kingma.

Last poem Sigrid Kingma as Poet of Fryslân

25/10/2023

‘Once more’ is the last poem by Sigrid Kingma as Poet of Fryslân. Can also be read today in the Friesch Dagblad, the Leeuwarder Courant and on the Omrop Fryslân website.