Translation contest Poet of Fryslân

30/03/2019

Marko van der Wal winner oersetwedstriid Dichter fan Fryslân

Ut hast 70 ynstjoeringen keas de sjuery de oersetting fan Marko van der Wal as bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’, skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.

Neffens de sjuery is it foar in goede literêre oersetting fan belang dat it orizjinele gedicht mei respekt en begryp fan ynhâld en foarm behannele wurdt. Op syn minst fjouwer ynstjoerders hawwe dat, neffens de sjuery, op ferskate wizen, poerbêst dien. Uteinlik besleat de sjuery dat ien fan dy fjouwer minsken in hast perfekte oersetting skreaun hat, nammentlik Marko van der Wal.

Ut it sjueryferslach: “De enzjambeminten, dy’t foar tal fan ynstjoerders in stroffelstien foarmen, hat dizze persoannaadleas en mei in oantoanber gefoel foar poëzij witten te fangen. Ek ferwiiswurden, ritme en, net alhiel ûnbelangryk, haadlettergebrûk en ynterpunksje binne foutleas oerset.”

De bekendmakking fan de winner fan de oersetwedstriid wie ôfrûne sneon op de literêre jûn yn Ljouwert yn it ramt fan de Boekewike, mei û.o. Jan Siebelink, de skriuwer fan it Boekewikegeskink, en Tsead Bruinja, de Dichter des Vaderlands.

De bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht wurdt beleanne mei in publikaasje en in jildbedrach fan € 250. De sjuery bestie út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. De oersetwedstriid, in inisjatyf fan de Dichter fan Fryslân, is organisearre yn gearwurking mei It Skriuwersboun. Doel is om binnen it projekt ‘Dichter fan Fryslân’ jierliks in oersetwedstriid te organisearjen.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. Sjoch hjirûnder foar it folsleine sjueryferslach.

 

Sjueryrapport Dichter fan Fryslân-oersetwedstriid ‘De redens fan it wurd’

Dames en hearen, achte dielnimmers,

69. Mar leafst 69 ferzjes binne der makke fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’ troch Eeltsje Hettinga. Wy hawwe frije ferzjes lêzen, skoalske ferzjes, ferzjes dy’t bol steane fan defersieringen, ferzjes fol oangesichten fan ’e nacht, ferzjes meieb en floed wêryn’t je ûndersnijd reitsje kinne en ien magyskeferzje dy’t sa licht rekket oan it orizjineel dat dêr in meiwaaiend publyk yn foarkomme kin, in âld-hockeyster meiin swangere búk en Sven Kramer dy’t foarby sûzet. Alle 69 ferzjes – dy’t wy stik foar stik neffens harren merites, dat wol sizze ûntdien fan namme en taljochting, lêzen en beoardiele hawwe – hawwe ús op in alhiel eigen wize fermakke.

By in goede, literêre oersetting wolle jo, as oersetter mar sûnder mis ek as lêzer, sa ticht mooglik by it orizjineel komme kinne. Dêrby giet it net allinnich om de betsjutting fan ’ewurden. Ek it ritme fan it orizjinele gedicht, de bylden, it klankrym, de grammatika ensafuorthinne telle mei. Net seldenstjitte jo as oersetter op in wurd, byld of ritme yn deboarnetaal dy’t suver mei gjin mooglikheid omset wurde kin nei de doeltaal. Wat dochst dan? Wat soe de skriuwer moai en passend fûn hawwe? En wat fynst sels moai? By it oplossen fan dat soarte duvelske dilemma’s komt de wiere fernimstichheid fan de oersetter nei boppen.

Wy hawwe in protte ynventive fynsten sjoen. Yn it orizjinele gedicht wurdt yn ’e twadde strofe bygelyks gewach makke fan it sindiel ûnder de tijen ferdwûn. Dat waard oerset as onder het tij verdwenen, mar ek as komen en gaan als warm en koud, de maatschappij verhardt, als getijdenstroom verwatert en versluiert het, verdween bij het dooien of met de tijd vervagend. Gjinien fan dy oplossingen is ferkeard, de iene is allinnich wat ynventiver, eigener of passender as de oare. Dat seagen wy ek by hannen fan fammen, út de earste strofe, dat ûnder oaren oerset waard as meisjeshanden, meidenvingers,maagdenpalmen en vrouwenhaar. Of it wurd winterflakten, ek út de earste strofe, dat oerset waard as winterweidsen, windgedenksteen of grote ijsplaten. Dêrby neame wy noch net iens de moaie fynsten dy’t net samar werom te lieden wienen nei it orizjineel. Wat tochten jo bygelyks fan ynienenopdûkende hyskranen, kwalsteriis en in transparant raam? Deoersetters dy’t meidien hawwe oan dizze oersetwedstriid wienen net te benaud om har eigen stimpel op ’e tekst te settenen dat is in frijheid dy’t in goede oersetter him mei rjocht en reden tastiet.

Likegoed wolle wy in kanttekening meitsje by alle frije oersettingen dy’t wy sjoen hawwe. Frij oersette is neffens de sjuery wat oars as mei in gedicht ‘op ’e haal’ gean. Hoewol’t wy fan al dy ‘eigen’ ferzjes fan it gedicht geniete hawwe, fûnen wy lang net alle oplossingen rjocht dwaan oan de sfear, de soarchfâldige technyk en simpelwei de betsjutting fan it orizjinele gedicht fan Eeltsje Hettinga.

Wy fine it foar in goede, serieuze literêre oersetting fan belangdat it orizjinele gedicht mei respekt en begryp fan ynhâld en foarm behannele wurdt. Op syn minst fjouwer dichters hawwedat, op ûnderskate manieren, poerbêst dien. It foel net ta om tusken harren te kiezen. Martsje de Jong, Anne Popkema, Onno-Sven Tromp en Marko van der Wal fertsjinje wat ús oanbelanget dêrom allegearre, by dizzen, in earfolle fermelding. Prachtich moai dien!

Ien fan dy fjouwer minsken skreau in hast perfekte oersetting. De enzjambeminten, dy’t foar gâns ynstjoerders in stroffelstien foarmen, hat dizze persoan naadleas en meioantoanber gefoel foar poëzy witten te fangen. Ek ferwiiswurden, ritme en, net alhiel ûnbelangryk, haadlettergebrûk en ynterpunksje binne sûnder flaters oerset. In oare stroffelstien dy’t mei gloede nommen waard, is itmetrum fan it gedicht. Yn de Fryske ferzje binne ritmyskekeuzes makke dy’t in ien-op-ien-oersetting der net makliker op meitsje. Yn ’e winnende oersetting is handich gebrûkmakke fan in simpeler ritme dat yn it Nederlânsk goedmooglik is en dat goed past by it ûnderwerp fan it gedicht: it reedriden, it meitsjen fan slaggen. Dat makket de winnende oersetting net allinnich tige goed lêsber, mar ek hiel gaadlik om foar te dragen, lykas it orizjineel. Dêrby hat it sekuer oanhâlden fan it goede ritme de oersetter der net fan wjerholden om moaie, passende wurden te kiezen dy’t folslein rjocht dogge oan de sfear en betsjutting fan it gedicht; gjin maklike opjefte. Op mar ien plak late dat ta in ûnbedoeld, krekt net passend binnenrym, mar dat is oer te kommen by in oersetting dy’t fierder sa linich as it mar kin fan ’e bledside glydt.

De winner fan dizze earste edysje fan ‘Friesland Vertaalt’ is wurden: Marko van der Wal.

Tige tank foar de prachtige oersetting dy’tsto makke hast en fan herten lokwinske!

De sjuery,

Marleen Nagtegaal

Joost Oomen

Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân

 

 

DE SCHAATSEN VAN HET WOORD

Wind vindt zijn gezicht in veren op het ijs,
in kathedralen en de handen van meiden
op de grote wintervlaktes van de rivier.

Veren vindt de wind in nacht zijn gezicht
zoals haar wezen, onder het tij verdwenen,
vorm krijgt in de beelden van het gedicht –

het vers dat niet houdt: de schaatsen van het woord,
het gewicht van al wat aan verlangen leeft,
o, zwaarder is dan de taal die zich bewijst

als verraderlijk – eennachtsijs, breekbaar en
niet te vertrouwen, dat nooit de lading dekt
van wat gang wil maken, plaats ook, voor

haar, daar achter de schemering van de rivier.
Wind vindt zijn gezicht in veren op het ijs.
Al wat van haar is, is de slag die ik mis.

 

Vertaling: Marko van der Wal

 

Sjuery
Marleen Nagtegaal is skriuwster, redakteur en literatuerprogrammeur foar festival Explore the North ynLjouwert. Sy studearre cum laude ôf oan de RuG as literatuerwittenskipper. Yn 2016 publisearre sy de ferhalebondel ‘Onthoofde man op vuilnisbelt’.

Joost Oomen (1990) is dichter en skriuwer. Hy stie û.o. op itpoadium by Crossing Border, Lowlands en op it Gedichtenbal. Op it stuit wurket er oan syn debútroman en oan in treddedichtbondel. Yn 2019 ferskynt syn chapbook yn oersetting byde Italiaanske útjouwerij Tunué.

Eeltsje Hettinga is skriuwer en dichter. Hy publisearre fiifpoëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearrefoar de Gysbert Japicxpriis 2013. Hettinga wurket gauristegearre mei filmers en byldzjende keunstners. Mei visualartist Machteld van Buren makke Hettinga yn 2018 de poëzijmasine ‘Au Musée’, in fjouwer meter hege ynstallaasje, te sjen yn de stúdzjeseal fan Tresoar. Fan 2017 – 2019 is er Dichter fan Fryslân.

 

 

Hjirûnder it oarspronklike gedicht fan Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân.

 

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.

 

Arjan Hut new Poet of Fryslân: ‘Less WiFi, more poetry!’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) was officially appointed as the new Poet of Fryslân by deputy Eke Folkerts today at the Explore the North festival in Leeuwarden. The appointment is for two years. Arjan Hut is the fourth Poet Fan of Fryslân and the successor to Sigrid Kingma.

Last poem Sigrid Kingma as Poet of Fryslân

25/10/2023

‘Once more’ is the last poem by Sigrid Kingma as Poet of Fryslân. Can also be read today in the Friesch Dagblad, the Leeuwarder Courant and on the Omrop Fryslân website.