Dêrnei giet de kadoboekskriuwer in moanne op toernee troch de provinsje. Yn dy fjouwer wike gjin inkelde oare Fryske proazaskriuwer te sjen. Wat in earmoede.

De Afûk, dy’t de promoasje fan Fryske literatuer op ’e noed hat en dy’t mei de stichting Boeken fan Fryslân foar de opset fan de kommende Boekejûn tekenet, rept wilens ‘in spetterjend boekebal.’

Diversiteit
Wat mei de reden wêze foar sa’n skraal, op ien skriuwer rjochte programma? Of oars frege: wêrom litte beide organisaasjes it ta dat de rest fan de Fryske proazaskriuwers – bygelyks fan dejingen dy’t resint in boek yn it ljocht joegen – net oan de bak komt, in moanne oanien?

Wat in ferskil ek mei bygelyks it programma fan de literêre jûn, ferline moanne yn de Balie yn Amsterdam doe’t de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja, ynstallearre waard.

Spitigernôch wie by dat heuchlike, om mar net te sizzen unike literêre barren gjin inkelde Fryske fertsjintwurdiger oanwêzich, net fan de Afûk, net fan Tresoar, net fan de Provinsje. Ik ha se teminsten net sjoen.

Ynauguraasje Dichter des Vaderland, de Balie, Amsterdam, 23 jan. 2019. F.l.n.r. Jan Klug, Babs Franklin Gons, Simone Atangana Bekono, Frank Keizer, Lies van Gasse, Tsead Bruinja en Broeder Dieleman.

Yn de Balie wiene optredens fan Babs Franklin Gons, ferline jier nominearre foar de Black Achievement Awards, Simone Atangana Bekono, nominearre foar de Grote Poëzieprijs fan dit jier, dichter-essayist Frank Keizer, oarspronklik fan Ljouwert, de Flaamske dichteresse en yllustratrise Lies van Gasse en de Siuwske sjonger Broeder Dieleman.

“De kulturele en literêre diversiteit krige dy jûn yn Amsterdam oer alle boegen syn gerak. Kom dêr ris om by it Fryske boekebal fan twa maart 1919, sorry, 2019 en de rest fan de Boekemoanne.”

Foar de Boekewike, ein dizze moanne, is Jan Siebelink, de skriuwer fan it Nederlânske boekewikegeskink, nei Ljouwert helle. Mar ek yn dy wike – it wurdt saai – gjin inkelde Fryske proazaïst te bekennen. Dea yn ‘e pot.

De kulturele en literêre diversiteit krige dy jûn yn Amsterdam oer alle boegen syn gerak. Kom dêr ris om by it Fryske boekebal fan twa maart 1919, sorry, 2019 en de rest fan de Boekemoanne.

De omisjes begjinne sa linkelytsen pynlik te wurden, al wie it mar fanwegen itjinge dat Boeken fan Fryslân in jier ferlyn yn it Friesch Dagblad optekenje liet:

“De Boekenweek zal worden gebruikt om Friese auteurs extra te promoten, zoals dat eerder gebruikelijk was bij de Fryske Boekewike. Met lezingen en andere activiteiten van Friese schrijvers in de gehele provincie.”

Der is neat fan op ‘e hispel kaam. Boppedien is it sa dat it Boekebal en de Fryske boekemoanne wat harren programmearring oangiet sa wyt en sa iensidich binne dat men jin ôffreget hoe’t men it foarinoar krijt om de hjoeddeiske wrâld yn al syn ferskaat sa te fertsjustermoanjen.

Moster nei it miel
Ek by oare ûndernimmens rint it gauris mis, bygelyks by de fan ’t hjerst presintearre Ingelsk-Fryske blomlêzing. Hoewol’t dy antology winliken ornearre wie foar KH2018, kaam it boekwurk – kosten in grou fjirtichtûzen euro – omtrint in jier te let. Moster nei it miel. As meiwurkjend auteur siet der gjin presinteksimplaar yn. Dat, lang om let sels mar ien kocht.

It soe in goede saak wêze as twa, mei elkoar oparbeidzjende ûndersyks-sjoernalisten in wurkbeurs foar ien of twa moanne krigen – der is datoangeande bygelyks it Fonds Bijzondere Journalistieke Projecten – om op krityske en ûnôfhinklike wize it funksjonearjen fan taal- en literatuerynstellingen as de Afûk troch te ljochtsjen.

Unsichtber
Stean bliuwt wilens it feit dat de Fryske proazaskriuwers net allinne by it Boekebal fan moarn, 2 maart mar ek yn de kommende moanne fan it Fryske boek sa goed as ûnsichtber (makke) binne.

Hooplik krijt de Fryske skribint dy’t koartby op in gearkomste fan it Skriuwersboun witte liet dat er de pinne oan de wylgen hongen hie – de boeken ferkeapje amper, sei er –  gjin neifolgers. Tefolle oaren dy’t him foar giene.

UPDATE: It Boekebalfers 2019 fan Elske Schotanus. Ynstjoerd. Oer it boekebal dat jûn yn de Neushoorn plak fynt en de Moanne fan it Fryske Boek, op de wize fan ‘Poen’ fan Wim Zonneveld:

Flom, flom, flom, flom
De ien seit kut, de oare kuntha
Mar wy sizze flom
Flom, flom, flom, flom.
Wa’t dit betocht hat, earlik sein dat is in omkoalom.
Seit men net dat ’t proaza oan ’e krapperein komt?
Dan is ’t de fraach oft it mei ’t Fryske boek wol goed komt.
Flom, flom, flom, flom
Flom, flom, flom, flom, flom, flom.

Gjin Hierbak yn it sintsje, gjin Pûlen yn ’e pot
Monkeys dilemma In soarte fan bûgjen en Doutzen yn swier waar
Ek Fete wurdt weimûze, De tredde perioade is al om
Wat falt hjir no noch oer te sizzen?
(‘Fersom) Raak!

" />

Opinybydrage Dichter fan Fryslân: Afûk c.s. litte it sitte by de Fryske Boekemoanne en it Frysk Boekebal

01/03/2019

Behalve de skriuwer fan it Fryske boekewikegeskink – it kadoboek – komt oan it Fryske Boekebal fan moarn, 2 maart gjin inkelde Frysktalige proazaskriuwer te pas. De jûn wurdt opfolle mei ferhalen fan in tattoëerder en muzyk fan in r & r-band.

Arjan Hut new Poet of Fryslân: ‘Less WiFi, more poetry!’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) was officially appointed as the new Poet of Fryslân by deputy Eke Folkerts today at the Explore the North festival in Leeuwarden. The appointment is for two years. Arjan Hut is the fourth Poet Fan of Fryslân and the successor to Sigrid Kingma.

Last poem Sigrid Kingma as Poet of Fryslân

25/10/2023

‘Once more’ is the last poem by Sigrid Kingma as Poet of Fryslân. Can also be read today in the Friesch Dagblad, the Leeuwarder Courant and on the Omrop Fryslân website.