Translation contest Poet of Fryslân

07/02/2019

De Poet of Fryslân, Eeltsje Hettinga, asks, in collaboration with It Skriuwersboun, the best Dutch translation of his poem ‘De redens fan it wurd’.

 

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.

 

The declaration of the best Dutch translation is on Saturday 30 March at the literary evening with the writer of the Boekenweekgeschenk, Jan Siebelink and Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja in Leeuwarden, in the context of the National Book Week.

The best translation of the poem is rewarded with a publication and € 250.00. The jury consists of Marleen Nagtegaal, Joost Oomen and the Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. You can send in via: info@dichterfanfryslan.nl until Sunday 24 March.

Yn memoriam Jelle Kaspersma (1948-2019) – Syn dichtsjen in bûtfiskjen

19/02/2019

Fan ‘t wykein is hinnegien de dichter Jelle Kaspersma (1948), by libben fisker, ûnderwizer, skilder, tekener en kenner fan de Yndiaanske literatuer. Fjildman as er wie, besocht er de lêste jierren omtrint alle dagen in foech tritich, fjirtich kilometer te fytsen, in manier ek om syn longkrupsje de baas te bliuwen. Tegearre mei Hette Tsjêbbinga, ps. […]

Opinybydrage Dichter fan Fryslân: Oanslach op de Gaasterlânske kust

05/02/2019

Oare wike beslist de ried fan de gemeente De Fryske Marren oer de plannen foar it bouwen fan in grutte sânwinningsfabryk yn de Iselmar. Wurdt dit de safolste oanslach op in like unyk as klassyk Frysk lânskip?