‘Europe – The Names’ foar.

" />

Opinybydrage Dichter fan Fryslân LC 23 novimber 2018

26/11/2018

‘It lûd fan it nasjonalisme blaft hjoed-de-dei rûnom oer Europa. Mei it each op de polarisearre ferhaldings is it tiid en gean mei-inoar om ’e tafel.’ Lês de opinybydrage fan Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân. Earder publisearre yn de Ljouwerter Krante fan freed 23 novimber.

 

 

It lûd fan it nasjonalisme blaft hjoed-de-dei rûnom oer Europa. Mei it each op de polarisearre ferhaldings is it tiid en gean mei-inoar om ’e tafel.

De dichter Dean Bowen skriuwt yn Bokman, de poëzybondel dy’t dit jier nominearre wie foar de C. Buddingh’-priis: ‘en ze vragen me waar… / en ik claim geen land […] ik ben van gronden Rotterdam en Paramaribo en Linden en Kaapstad / elke thuis is een schoot die een nieuwe mij baart’.

Syn wurk hat foar in part te krijen mei de koloniale skiednis fan Suriname, de slavernij, it omslepen mei minsken fan lân nei lân, fan Afrika nei oare kant de oseaan, oftewol mei de diaspora. Dat binne ûnderwerpen dy’t op ’e achtergrûn ek meispylje yn de diskusjes om Swarte Pyt hinne.

Mear histoarysk besef oangeande it koloniale ferline fan Nederlân kin intreflik middel wêze tsjin rasisme, diskriminaasje en ksenofoby, mei Saailân-gjalpen as ‘rot op naar je eigen land’. Dêr leit in taak foar it ûnderwiis. Of, om wat tichter by hûs te bliuwen: it Skriuwersboun soe mei in statemint as ‘Rasisme ôfskaffe. Dat dochst no!’ har stim hearre litte kinne.

Mei it each op de slim polarisearre polityk-ideologyske ferhâldings, sa’t dy it meast pregnant, mar ek it meast pynlik nei foaren komme yn de ferskillende stânpunten oer Swarte Pyt, is it tiid en gean mei-inoar om ’e tafel, struktureel. It giet om de dialooch, al wie it mar omdat men elkoars kultuer bytiden net of mar amper ken.

Op in oar nivo sil de linkerflank fan it politike fjild yn ’e slach moatte en sykje in antwurd op dat wat de maatskippij op dit stuit oant op it lêste bot ferdielt: de Europeeske migraasjeproblematyk. No driigje alderhande rjochtse bewegingen mei it ûnderwerp fuort te rinnen.

Yn dat ramt komt men der net ûnderút en sjoch nei de opkomst fan it nasjonalisme, sa’t dat hjoed-de-dei rûnom oer Europa blaft. It wurdt stipe en fersterke troch media as ThePostOnline, Re-Acten, net te ferjitten, tal fan (ekstreem)rjochtse foara en reaksjes op de sosjale media.

It binne dy lêste media dy’t fernimstich gebrûk meitsje fan memes, algoritmen, foto’s en filmkes, gauris foarsjoen fan Ingelske ûndertitels, dêr’t mei beocht wurdt om in sa’n grut mooglik publyk te berikken.

Nije identitêre bewegingen as Erkenbrand – yn Flaanderen giet it om groepen as Schild en Vrienden – wurde skaaimerke troch in grutte set oan etno-nasjonalistyske tinkbylden: ‘eigen folk earst’, it primaat fan de saneamde kristlike ‘Leitkultur’, white supremacy, mei yn it ferlingde derfan in sterke anty-ymmigraasjepolityk en anty-islampolityk.

It wjerlûd fan dat nasjonalisme lit him sa út en troch ek yn Fryslân hearre. Giet it, mear yn it bysûnder, om de Fryske literatuer, dan lizze der âlde spoaren: by de desennia lâns soene guon skriuwers it etnysk-nasjonalisme in willich ear jaan.

Tradysjes litte har net samar oan kant skowe. Ferskillende Fryske Bewegers wolle harsels bygelyks yn de gemeentlike basisadministraasje registrearre litte as Fries, in foarm fan etnyske registraasje, sa’t de PVV dy in tal jierren ferlyn bepleite foar de Antilliaanske, Marokaanske en Turkse mienskip yn ús lân..

Lykas sein, yn it polityk-kultureel slim ferdielde fjild is de dialooch essinsjeel. Yn dat ramt stiet ek de Surinaamsk-Fryske blomlêzing, dêr’t ik mei dwaande bin, in antology mei wurk fan Michaël Slory (1935), ien fan de grutste, noch libjende Surinaamske dichters.

De presintaasje fan dy blomlêzing moat in Surinaamsk-Fryske manifestaasje opleverje. In moai agindapunt foar de LF2018 as it om de legacy giet.

 

 

Dit stik is in justjes oanpaste ferzy fan de taspraak dy’t de Dichter fan Fryslan holden hat by de manifestaasje (F)rede fan Fryslân, ferline moanne yn de Prinsetún yn Ljouwert. Snein 25 novimber die Hettinga mei oan de ôfsluting fan it KH-jier en lies er syn gedicht ‘Europe – The Names’ foar.

New poem by Poet Laureate of Friesland

23/07/2024

The Poet Laureate of Friesland, Arjan Hut: “Shall we just assume that it is still raining when this poem appears? The weather can force us inside. But for some a window is a privacy leak, for others a thing to to look outside.”

New poem Poet laureate of Fryslân

04/04/2024

‘Less WiFi, more poetry’ is the latest poem by Arjan Hut as Poet laureate of Fryslân. Can also be read today in the Friesch Dagblad, the Leeuwarder Courant and on the Omrop Fryslân website.