Fryslân siket in Dichter fan Fryslân

18/07/2017

Fryslân siket in Dichter fan Fryslân. De dichter wurdt frege om yn dichtfoarm te reagearjen op wat der hjoed-de-dei yn Fryslân en syn bewenners om giet. Wêr wurde wy stil fan? Wat lit ús hert bûnzje, of wêr wurde wy stomwei dûm fan? Wat stimt ta neitinken? Sa sille persoanlike, mar ek algemien-maatskiplike ûnderwerpen út de aktualiteit by in breed publyk, yn dichtfoarm, ûnder de oandacht brocht wurde.

Kandidaten kinne harren oant en mei 10 septimber 2017 melde fia fryslansiket@dichterfanfryslan.nl of harren oanmelde fia dizze website.

In sjuery, besteande út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, bepaalt úteinlik wa’t de kommende twa jier de titel Dichter fan Fryslân drage mei.

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien kear yn it jier in gedicht by in selskeazen gelegenheid of aktueel barren en kriget dêrfoar in fêste fergoeding fan € 2.500,00 it jier en € 250,00 foar elk gedicht. De úteinlike bekendmakking en beneaming fan de earste Dichter fan Fryslân is op freed 24 novimber 2017.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.

Arjan Hut will continue in his role as Poet Laureate of Fryslân through 2026

23/10/2025

Arjan Hut will continue in his role as Poet Laureate of Fryslân through 2026. Earlier this year, the Provincial Council of Fryslân approved the extension of his appointment. Consequently, Hut, who was officially designated as Poet Laureate of Fryslân in 2023, will be able to continue his work and projects as the province’s poetic ambassador for one additional year. Among other activities, he will open a walking exhibition he has curated at the literature festival Meet Me at the Lighthouse in November, featuring unique book covers from Frisian poetry collections.

‘Not on Us’ is the latest poem by Arjan Hut as Poet Laureate of Fryslân

23/10/2025

‘Not on Us’ is the latest poem by Arjan Hut as Poet of Fryslân. Today it can also be read in the Friesch Dagblad, the Leeuwarder Courant, and on the website of Omrop Fryslân.