‘Net op ús’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “Yn guon streken falle bommen as ripe fruchten út de loft. In rare gedachte, foar wa’t troch in paradyslik hôf kuieret, mei in apel yn de hân.”
De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op dizze webside.