Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

23/10/2025

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut: “De ofrûne twa jier gongen sa fluch foarby, ik ha it gefoel as bin ik pas op ’e helte. Dizze ekstra tiid jout my de nedige romte. Benammen foar de Dichter fan Fryslân-projekten dêr’t ik no mei dwaande bin, lykas de eksposysje en de blomlêzing dy’t ik yn ’e mande mei de foarige Dichters fan Fryslân gearstal.”

Mei yngong fan ein takom jier beneamt in troch de provinsje Fryslân oanstelde seleksjekommisje om ’e trije jier in nije Dichter fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.

‘Do, ik’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

18/03/2026

‘Do, ik’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.