Tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, de troch him gearstalde eksposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties.
De Dichter fan Fryslân socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.
Yn gearwurking mei it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse nimt de Dichter fan Fryslân jo mei op in kuier oer it eilân lâns in seleksje fan de tentoanstelde affysjes en ljochtet er in tal dichters út troch in foardracht út harren wurk.
De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.
• Tongersdei 13 novimber, 15:30 oere
• Biblioteek Skiermûntseach, Torenstreek 18a
• Tagong fergees
By de iepening fan de eksposysje sil skriuwer en sjoernalist Kirsten van Santen de Dichter fan Fryslân koart yntrodusearje en nimt de Dichter fan Fryslân jo mei op in literêre kuier oer it eilân lâns de troch him keazen omslachûntwerpen fan Frysktalige dichtbondels.
Graach hearre wy fan jo oft jo by dizze feestlike iepening oanwêzich wêze wolle. Opjefte graach foar tongersdei 6 novimber fia: info@dichterfanfryslan.nl. It tal plakken is beheind.
Kinne jo net by de iepening oanwêzich wêze. dan kinne jo fia www.mmatl.nl ek kaarten reservearje foar de literêre kuiereksposysje fan freed 14 of snein 16 novimber.