Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, tidens it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties.
De Dichter fan Fryslân socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.
Net elkenien kin Frysk lêze en poëzij is in sjenre dat selden it grutte publyk berikt. Mar byldtaal is in stik universeler. In omslach kin je yn krekt sa’n steat fan betsjoening bringe as in byldzjende tekstrigel.
De omslaggen binne útsocht op har oantreklikheid as affysje foar de bondel. Binne se keapsjoch? It is nijsgjirrich om te sjen hoe’t guon útjouwers of skriuwers wurk meitsje fan in útjefte. Hoe belangryk is it omslach foar de dichter? Hoe ferhâldt it ûntwerp him ta de poëzij yn de bondel?
Tidens it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse nimt Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, dy op in kuier mei oer it eilân by in seleksje fan de tentoanstelde affysjes del en ljochtet in tal dichters út troch in foardracht út harren wurk.
De titel ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ is ynspirearre op de bondel ‘Lytse Ivichheid’ fan Jan Dotinga út 1965, ien fan de omslaggen dy’t diel útmeitsje fan de útstalling. Elkenien is fan herte útnûge om oanwêzich te wêzen by de iepening. Sjoch foar mear ynformaasje oer de ekposysje, de literêre kuiers en it programma fan Meet Me at the Lighthouse op www.mmatl.nl.