Utnûging beneaming nije Dichter fan Fryslân

11/11/2019

Op tongersdei 21 novimber om 15:30 oere binne jo fan herte útnûge om oanwêzich te wêzen by de feestlike ynstallaasje fan de nije Dichter fan Fryslân. De offisjele beneaming troch deputearre Sietske Poepjes fynt plak yn de ‘Stadskas’ op it Aldehoustertsjerkhôf, tidens it Explore the North Festival yn Ljouwert.

Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Explore the North en Dichter bij Leeuwarden. De presintaasje is yn hannen fan Eva Meijering.

  • Datum: tongersdei 21 novimber
  • Ynrin: 15:30 oere
  • Start programma: 16:00 oere
  • Lokaasje: Stedskas Explore the North, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

Graach hearre wy fan jo oft jo by de beneaming oanwêzich wêze wolle. Opjefte fia ynfo@dichterfanfryslan.nl.

De dagen fan de dichter Slauerhoff op Jorwert – Fan Kropotkin oant Gorter

09/11/2019

Op de Jorwerter pastorij, dêr’t hjoed-de-dei skriuwer Geert Mak wennet, kaam yn de dagen dat dominy Cornelis Hille Ris Lambers dêr, begjin 20ste ieu, syn domisylje hie, alderhande folk del, fan de bern fan de kommunistyske predikant Benjamin Boers fan Reduzum oant en mei Oene Noordenbos, de lettere oprjochter fan de PSP (Pacifistisch Socialistische Partij). […]

It esjek fan de Piter Jelles-priis 2019

05/11/2019

De biografy ‘Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Joost Halbertsma 1789-1869′ fan kultuerhistoarikus en letterkundige Alpita de Jong krige it ôfrûne jier loovjende resinsjes: in fiifstjerreresinsje yn NRC-Handelsblad, lof en hulde yn Trouw en op Biografieportaal. Soartgelikense lofprizings by literatuerresinsint Jelle van der Meulen. Dochs krige de biografy dit jier gjin nominaasje foar de […]