Reglemint

Regeling fan 18 july 2017, mei skaaimerk 01433026, hâldende regels oangeande de seleksje en beneaming fan de Dichter fan Fryslân (Regeling Dichter fan Fryslân).

← Fryslân siket in dichter

Haadstik I Nominaasje en beneaming Dichter fan Fryslân

Kêst 1 Dichter fan Fryslân

  1. Deputearre Steaten beneame ien kear yn ‘e twa jier in Dichter fan Fryslân.
  2. Yn bysûndere gefallen kinne Deputearre Steaten beslute om yn in oanbelangjende perioade gjin Dichter fan Fryslân te beneamen.
  3. De Dichter fan Fryslân makket yn it ramt fan it stimulearjen fan de keunstfoarm Frysktalige poëzy op syn minst seis Frysktalige gedichten jiers en treedt op syn minst by twa gelegenheden op as Dichter fan Fryslân.

Kêst 2 Kandidaten

  1. Kandidaat foar Dichter fan Fryslân binne persoanen dy’t net earder as Dichter fan Fryslân beneamd binne en harren oan de sjuery as kandidaat foarstelle.
  2. De sjuery kin ek persoanen aktyf tantsje en harren freegje om kandidaat te wêzen.

Kêst 3 Nominaasje

  1. De kandidaatstelling, al as net op fersyk fan de sjuery, bart troch in ynskriuwing, wêryn’t de yn kêst 4, earste lid, neamde aspekten út ‘e doeken dien wurde en befettet ek op syn minst ien troch de kandidaat skreaun Frysktalich gedicht.
  2. De sjuery kiest út de kandidaten trije minsken, dy’t neffens harren it meast foar beneaming yn oanmerking komme, dat binne de nominearren.
  3. Kandidaten dy’t nauwe famylje- of ferlykbere relaasjes mei in sjuerylid hawwe, dêrûnder begrepen, mar net beheind ta, houlik, registrearre partnerskip, net troud byinoar wenje en bloed- en sweagerskip oant yn de tredde graad, komme net foar nominaasje yn oanmerking.
  4. It oanfurdigjen fan de yn it twadde lid bedoelde nominaasje, betsjut dat de nominearre ynstimt mei de yn dizze regeling neamde prosedueres en de ynhâld fan de Oerienkomst Dichter fan Fryslân.

Kêst 4 Beneaming

  1. Deputearre Steaten oarderje de ynskriuwings fan de nominearren sa, dat in ynskriuwing heger oardere wurdt neigeraden dat dy mear oan de neikommende kritearia foldocht:
    a.dichterlike kwaliteit;
    b.geskiktens fan de nominearre as represintant fan poëzy yn Fryslân;
    c.wize fan oerdracht en bining mei it publyk;
    d.motivaasje om Dichter fan Fryslân te wurden;
    e.beskikberens yn de beneamingsperioade;
    ideeën fan de nominearre oer promosjonele aktiviteiten en it oansprekken fan in nij publyk.
  2. Foar de oardering weage de yn it earste lid neamde kritearia like swier. Der wurde maksimaal 3 punten it hifkingskritearium takend.
  3. Fan elk fan de trije nominearre dichters wurdt ien gedicht, troch de nominearre yn syn ynskriuwing oan te wizen, anonym publisearre yn troch de sjuery oan te wizen iepenbiere kanalen, foar de doer fan in troch de sjuery fêst te stellen tiidrek.
  4. Yn dat tiidrek wurdt it publyk frege om oan te jaan hokker fan de trije gedichten de foarkar hat.
  5. It op grûn fan it earste en twadde lid helle tal punten fan de ynskriuwing dêr’t it gedicht by heart dat de foarkar fan it publyk hat, wurdt ferhege mei de helte fan it tal punten dat oan dy ynskriuwing takend is op grûn fan it earste en twadde lid. Oan de oare ynskriuwings wurdt gjin ekstra punten takend.
    De definitive oardering, nei it optellen fan de yn it twadde en fiifde lid bedoelde tal punten, makket diel út fan it algemiene einferslach, dat troch de sekretaris of de foarsitter fan de sjuery opsteld wurdt en oan Deputearre Steaten foarlein wurdt.
    Deputearre Steaten beslute, op grûn fan it algemiene einferslach, wa’t sy ta Dichter fan Fryslân beneame.

Haadstik II De sjuery

Kêst 5 De sjuery en har gearstalling

    1. De sjuery hat as taak om Deputearre Steaten te advisearjen oer de beneaming fan de Dichter fan Fryslân en de yn kêst 4 neamde oardering.
    2. De sjuery bestiet út op syn minst trije en op syn heechst sân leden en bestiet út deskundigen op it mêd fan (Fryske) poëzy, literatuer en kultuer.
    3. De foarsitter en de leden fan de sjuery wurde troch Deputearre Steaten beneamd, tydlik út it amt set en ûntslein.
    4. De leden wurde foar in termyn fan ien jier beneamd. De leden kinne ienris op ‘en nij beneamd wurde.
    5. De foarsitter en de leden krije in fergoeding foar harren wurk en reis- en ferbliuwskosten neffens de Feroardering fergoedings steate- en kommisjeleden.
    6. It lidmaatskip fan de sjuery hâldt op:
        a. op fersyk fan it oanbelangjende lid;
      1. b. nei ôfrinnen fan de beneamingstermyn;
      1. c. by beslút fan Deputearre Steaten;
      1. d. as de partidigens fan in lid nei it oardiel fan Deputearre Steaten oan ‘e oarder wêze kin.

7. De ôfgeande foarsitter en de ôfgeande leden fan de sjuery nimme harren funksje waar oant yn de opfolging foarsjoen is.

Kêst 6 Sekretariaat

    1. Deputearre Steaten foarsjogge yn it sekretariaat fan de sjuery.
    2.  It sekretariaat hat yn alle gefallen de neikommende taken:
        a. de administrative tarieding fan de gearkomste;
      1. b. it tastjoeren fan de gearkomstestikken;
      1. c. it opstellen fan ferslaggen fan de gearkomsten;
      1. d. it opstellen fan konseptadvizen.

Kêst 7 Gearkomsten

  1. De gearkomste fan de sjuery is besletten.
  2. De sjuery komt sa faak as Deputearre Steaten of de foarsitter dat nedich achtsje byinoar.
  3. De foarsitter ropt de leden skriftlik byinoar, mei it neamen fan dei, tiid en plak fan gearkommen.
  4. De foarsitter soarget derfoar dat, útsein driuwende gefallen, de stikken, dy’t te krijen hawwe mei de te behanneljen ûnderwerpen, op syn minst sân dagen foar de gearkomste oan de leden tastjoerd wurde.

Kêst 8 Advisearring

  1. De sjuery rieplachtet en beslút efter sletten doarren oer it troch har út te bringen advys.
  2. De sjuery beslút by mearderheid fan stimmen oer it út te bringen advys. As by in stimming de stimmen stake, beslút de stim fan de foarsitter. As de minderheid dat freget wurdt fan in minderheidsstânpunt by it advys melding makke.
  3. De sjuery bringt skriftlik advys út binnen de troch Deputearre Steaten stelde termyn. It advys is motivearre, giet yn op alle yn kêst 4, earste lid, neamde kritearia en omfiemet in útstel foar beneaming.

Haadstik III Slotbepalings

Kêst 9 Fan krêft wurden

Dizze regeling wurdt mei yngong fan de datum fan útjefte fan it Provinsjaal Blêd, dêr’t sy ynstiet, fan krêft.

Kêst 10 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as: Regeling Dichter fan Fryslân.