Eeltsje Hettinga 02/11/2018

Reliëf

By in skilderij fan Bram Bogart (1921-2012),
útstalling ‘Tabula rasa’, Beetstersweach, 2018

 

Mei bergen ferve, sân en semint, o, sauvage, sauvage,
hat de skilder de skilder praktyskwei farwol sein,

de romte werombrocht ta stof en leechte: blomryk,
yn stien bestjurre lânskip foarby de oere fan in sinne

ûntploft, (dàch, dàch, mynhearke Van Gogh, dàch.)
Hurd as it baar begjin fan de weareld is it ljocht,

knypeagjend tusken granytstien it omslûpende grien
sa’t altemets út it neat wei skepping syn flecht fynt.