Eeltsje Hettinga 12/07/2018

Nij Hiddum & de hannel ad infinitum

Op tekentafels klimme turbines, heger as Babel,
de Nij Hiddumer himel yn. Hjir wurdt it lânskip
in streek levere dêr’t de hoarizon – iepen en breed
as it begjin fan de weareld – net fan werom hat.

Yn ’e finne, mei fearren en fleis besiedde, wierret
de blauwe hûn fan Koarnwert syn begearten út
as wie er de boade fan Hades’ ryk. Straf fluitet
de wyn wiewinterwiewinter oer de lege seedyk.

O, manna, manna, stik de moard, ropt Salverda,
ik seach de sinne, in bloedfûgel yn in gûnzjende
romte fol gehakmoles. Wat in leven! Sis my net
dat it jild hjir net like swart is as de krieën oer

it fjild of as de siele fan de hearen wynboeren.
Sjoch, hoe’t se op de dyk omtoere, wizend mei
golfstokken op harren wynhannel ad infinitum.
St.. hear, wa sjongt dêr The Wind Cries Mary?

Letter by de Koarnwerter Feart skôge ik it lân,
in dream, bloeiend as ienris Babylon’s skean
oerhingjende tunen. De slinken fan iuwen
spegelen in lytse, 19de-iuwske spinnekopdame.

Drage de heech yn it lân oprizende wynturbines
op in dei net inselde skjintme as de mûnen fan
Monet, op doek set by Zaandam? Straf fluitet
de wyn wiewinterwiewinter oer de lege seedyk.