It klappen fan de dyk

Se is it hoare klappen fan de dyk,
lyts blau hynste-each op wei nei see,

hastich yn draf, dronken fan dream,
op izers, sparkjend it skimer troch.

Draaf, famke, draaf, ropt de wyn en
bring dy hiel de binnensee fan it hert

ta stim om te wêzen it wrinzgjen fan
de weagen, de drift ûnder de kust

en al it sprekken fan wetters, djip
as de hillige stilte fan de dingen.