De hannen de doeken

By it ôfskied fan in Boalserter húsdokter Pepy Huisman

 

It is in lange simmerjûn, stil en soel,
in man stiet yn de doar fan libben en dea,
harkjend nei in skreauwen, ergens
yn de stegen en strjitten achter it stedhûs,
sjocht nei syn hannen, tinkend oan
de see en in iepentearen fan lippen en fleis
doe’t in libben foar it ljocht sprong,
de gjalp fan in do ûnder de sinne
boppe de Broeretsjerke, in simmerjûn,

it swurk kopergrien as de doeken
fan bonmamma en grootpapa,
elk oan in kant fan de skoarstienmantel,
sjoch, hoe’t de hân fan in heit
syn eigenste oarsprong it gesicht fan
in simmer skonk, elke tear reachfyn delset
oant op de lêste tried fan tiid,
de ûnfergonklike oere.

Oer de Appelmerk rydt de dame fan
in moaie dei yn de hjerst,
groetet yn de doar fan libben en dea
de man dy’t mei in spegeleach foar ’t boarst
ûnder de hûd fan tiid en skimer seach
hoe’t in heit mei it pínsiel as pinset
in tefolle oan oaljeferve
út de duffelske jas fan Eusy pjukte,
de skoaier dy’t sliepend yn syn foddekarre
de skilder syn hert en leafde hie;

allyksa belibbet yn de doar fan libben en dea
de mitseler fan it minsklike lichem
de wûne en ’t wûnderlike fan it bestean,
ay, hoe’t by alle anatomyske lessen
skalpel, skjirre en pinset it fleis beroerden,
it lichem dat him yn de oere fan
in âld liifrinnen hearre liet as in lyts rochelorkest,
mei de wjerklank fan neat en nimmen,
de rêd ferrinnende dei.

Wolkens skowe as oaljekoeken de himel oer,
driuwe bylâns it Bolwurk it Geitehok yn
dat as in smûke kroech syn gasten opnimt;
de boppe-earms bleat fleane – prik –
de nullen mei fleur it fleis yn,
butler Broer tikket swijend oan de hoed,
skinkt mei de man yn de doar fan libben en dea
in krûdebitter as goadedrank,
de wûnderlik grypske dei.