Au Musée

Modder yn ’e mûlholte fan tiid
wurdt it wurd
by de see syn sizzen ûnsisber,
dizze winternacht,
de romte in orkestbak,
dodekafoanysk
ûnder it spikerskrift fan
stjerren yn it skimer
oer terp en kust.

Immen klettere by it seedyk del,
in skym ferdwinend
in tha herta fon tha winde,
ik hearde it sisterjen fan it slyk,
tocht yn it kafee
op Moddergat oan dyn Frysk,
de taal op wei
nei it Musée,
it stee Persephoné.

Oer Quatrebras ried ik
troch sliepende en deade doarpen
de Wâlden yn, in waaien
bûke de beammen;
yn de brekkende tûken foer
in see oan stimmen,
in see oan drinkelingen,
sis de see stampende wreed
ûnder Lampedusa.