Seleksjeproseduere en beneaming

Dichters wurdt frege om harren oan te melden mei in koarte brief en ien nij Frysktalich gedicht. Yn de brief moat yn it koart nei foaren brocht wurde wêrom’t de kandidaat him- of harsels geskikt achtet as Dichter fan Fryslân en wat syn of har plannen binne. Oanmelde kin fia dizze website, fia e-mail of fia de post.

← Fryslân siket in dichter

 

  • De ynkommen sollisitaasjes wurde troch in profesjonele en saakkundige sjuery beoardiele.

 

  • Ut de ynstjoerings wurde trije kandidaten keazen op basis fan it gedicht en de motivaasje. De gedichten fan de trije kandidaten sille anonym pleatst wurde op dizze website.

 

  • It publyk kriget dêrnei in wike de tiid om fia de website fan Dichter fan Fryslân in stim út te bringen op ien fan de trije gedichten.

 

  • It sjueryoardiel en de publyksstim meitsje diel út fan it algemiene einferslach dat troch de sjuery oan Deputearre Steaten foarlein wurdt. Op basis dêrfan beslút Deputearre Steaten wa’t beneamd wurdt ta Dichter fan Fryslân.

 

  • De beneaming Dichter fan Fryslân jildt foar twa jier, fan ein 2017 oant ein 2019. Mei de beneaming wol de provinsje Fryslân omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij by it bredere publyk.