De fearten

Molkestaking 1943, by Aldegea
Bouke de Vries (1907-1943)
Broer de Witte (1923-1943)

 

It like in dei, ljocht as yn Obe’s dagen,
 kalm lei it Fliet en inkeld blinkende
fisk wie de sinne boppe mar en poel.
 Heech yn it grien fan de hôven tearde
Tiid alle dreamen iepen, “omfiemjend
 in tinken dat it libben tocht as ien.”

Ay, tink dy dat ris yn! Mar skyn wie
 de rêst fan it geniet. Unrêst wjukke
út de wolkens op, en hjir en dêr bûgde
 in toer de holle. As bloed rûn molke
de fearten yn: in ferset tsjin alles wat
 it hert út it djipste fan frijheid helle.

Hakken klapten tsjin sliepen, en blyn
 ferkaam de dei by geweld en gewear.
Sûnder god of ingel is bleaun de tiid,
 leech allyk de trein Starum-Snits dy’t
ûnferskillich, no de kimen yn rydt.
 Wat lit it libben langer tinke as ien?