Yn it meitsjen bin ik myn wurden

24/11/2017

Achte deputearre, sjuery en bêste Balksters, yn it bysûnder Eppie Dam, de Gysbert Japicxspriiswinner fan dit jier, dy’t mei it skaad fan Herman Gorter yn de rêch de stêd hjirre mei in berch poëzyfindels optúgd hat.

Op himsels in goede saak, want it is de poëzy dy’t nei bûten wol, in madam dy’t sjoen en heard wurde wol. Se flanearret, fluitet en sprekt, draait har lytse revolúsjes ôf, jout lûd en stim oan oarloch, geweld en dea en sit my en dy op en ûnder de hûd. Se is ûngenedich, mar wol ûngenedige moai.

Poëzy is sûnder noarmen, sa’t Hugo Claus oait sei.

 

1.
Ik sjoch mysels hjirre stean yn de spoaren fan ús heit. Hy wie in ferteller. Hy waard gauris frege om hjir en dêr it wurd te dwaan: ‘Hettinga, kinne jo fan ‘e jûn ek even komme te speechen, want de foarsitter fan it doarpsbelang is der net.’

Nei it wurk skreau er wat stekwurden op, spatte op ‘e fyts nei it doarpshûs – de rook fan kuil, hea en hynders noch yn ’e klean – en prate, sûnder omhaal, in hele jûn fol.

Dêr die er syn stjonkende bêst foar. Dat moast ek wol mei al dy roken fan molke en hea yn de klean. Der waard praat en lake, dat men it fiif kilometer fierderop yn Boalsert hearre koe.

Der wie it plezier fan it ymprovisearjen, it plezier oan de taal. It Frysk wie fanselssprekkend, sa’t dat – even in sprong yn de tiid – hjoed-de-dei ek fanselssprekkend wêze moatte soe.

 

2.
Ik kom út in talige famylje. Dy taligens wie der net inkeld by myn broer Tsjêbbe Hettinga – bondels Fan oer see en fierder en Equinox binne klassike en bliuwende monuminten yn de Fryske literatuer – mar likegoed ek by myn suster en myn oare broer Arjen, dy’t hurder skriuwe koe as God en de hiele rest byinoar.

 

3.
De poëzy wol nei de minsken ta, de grinzen oer. Utwikseling mei oare kultueren is needsaak, jout azem, skept lucht, mar docht foaral rjocht oan de werklikheid fan de twa- en meartalige kultuer yn dit lân.

Lykop mei dy werklikheid rint in twatalich literêr systeem, mei tal fan skriuwers en dichters dy’t likegoed hjirre as oer de Dyk suksesfol binne.

Fan datoangeande is it spitich dat der foar kommend jier net in Frysktalige skriuw(st)er frege is om it boekewikegeskink te skriuwen, en dat daliks ek yn twa talen te presintearjen, tegearre mei it nei it Frysk oersette Nederlânske boekewikegeskink fan Griet Op de Beeck.

 

4.
Der binne (dus) tal fan mooglikheden om de Fryske literatuer op oare plakken sjen en hearre te litten as yn de wenstige literêre tydskriften, en dêrmei in grutter publyk te lûken.

De yntegraasje fan poëzy mei oare dissiplines, fan byldzjende keunst, muzyk, film oant en mei teäter, is der ien fan.

Sels haw ik yn oparbeidzjen mei fideokeunstner Lotte Middendorp, poëzyfilms makke dy’t te sjen west hawwe yn Museum Belvédère, it Fries Museum en op de Frankfurter Buchmesse.

Mei byldzjend keunstner Machteld van Buren wurkje ik op dit stuit oan in grutte poëzy-ynstallaasje: in út njoggen doeken besteande transportbân, dêr’t ik mei de hân myn wurden yn skriuw.

Mids jannewaris wurdt dat gehiel presintearre, tegearre mei it earste, yn trije talen oersette gedicht fan de Dichter fan Fryslân.

 

5. 
Der stiet in belangryk jier oan te kommen: 2018, mei in grut tal projekten dat like grutte alluere as maatskiplike relevânsje hat.

Ik neam, sa foar de fûst wei, Under de toer fan Bouke Oldenhof, Feel the night fan Nynke Rixt Jukema, Lân fan Taal, it Oranjewoudfestival, Tryater mei foarstellingen as Karawana, en it boargerinisjatyf Kening fan de Greide fan Klaas Sietse Spoelstra en Theunis Piersma, c.s.

Ek dêryn kin dit gewest him sjen litte oan Europa, sûnder yn de kalimero-posysje te krûpen.

As it om Kening fan de Greide giet, dan is der de kâns en lit Fryslân sjen as in foaroprinder op it terrein fan biologyske, lytsskalige lânbou en natuerbehear.

‘Dat soe’, om skriuwer en histoarikus Pieter Breuker oan te heljen, ‘daliks ek ien fan de bêste yllustraasjes wêze fan in tinken oer Fryske kultuer: bewarje it bysûndere en hoedzje en noedzje dat, mar doch dat tagelyk yn kombinaasjes mei it oare en it nije.’

 

6.
Op dit plak is in pear kear it plezier oan de taal op it aljemint brocht, it plezier fan it meitsjen, it plezier fan de tekst. Foar my betsjut dat: yn it meitsjen bin ik myn wurden.

Dat plezier wol ik der ek yn hâlde as dichter fan Fryslân, selsstannich en ûnôfhinklik, sykjend en eksperimintearjend, op in wize sa’t ik dat sketst ha by it ferfrisseljen fan ferskillende dissiplines.

Unôfhinklikens betsjut yn dizzen dat ik nimmen’s slippedrager bin, net fan de polityk noch fan hokker ideology ek.

 

7.
Ik tankje hjir alle oanwêzigen, yn it bysûnder skriuwster en partner Elske Schotanus dy’t my oantrune hat om my dochs kandidaat te stellen foar it Dichterskip fan Fryslân.

Leve de poëzy, leve de taal, leve ek it Frysk.

Arjan Hut new Poet of Fryslân: ‘Less WiFi, more poetry!’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) was officially appointed as the new Poet of Fryslân by deputy Eke Folkerts today at the Explore the North festival in Leeuwarden. The appointment is for two years. Arjan Hut is the fourth Poet Fan of Fryslân and the successor to Sigrid Kingma.

Last poem Sigrid Kingma as Poet of Fryslân

25/10/2023

‘Once more’ is the last poem by Sigrid Kingma as Poet of Fryslân. Can also be read today in the Friesch Dagblad, the Leeuwarder Courant and on the Omrop Fryslân website.