Eeltsje Hettinga

Dichter fan Fryslân 2017 - 2019

Eeltsje Hettinga (1955) is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt It Font dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum.

Yn ’e mande mei byldzjend keunstner Machteld van Buren makke Hettinga de poëzymachine ‘Au Musee’, te sjen yn Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert.

www.eeltsjehettinga.nl


Foto: Jacob van Essen