Opinybydrage Dichter fan Fryslân: Demokrasy ûnder fjoer – Malta opnij op ’e fingers tikke

19/12/2018

Se wiene dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa, Ljouwert-Fryslân en Valletta-Malta. Dochs waard ein novimber yn it ôfslutende programma fan LF2018 mei gjin wurd rept fan de moard op de Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Se bleau net neamd.

Juster (17-12) kaam de Kommisje fan Venetië, in ynternasjonaal advysorgaan dat út namme fan de Ried fan Europa tafersjoch hâldt op de rjochtssteat yn de ûnderskate Europeeske lannen, mei in rapport dêr’t it funksjonearjen fan de demokrasy op Malta swier yn bekritisearre wurdt.

 

‘Not functioning…’
De macht fan de Malteeske premier Joseph Muscat rikt te fier, seit de Kommisje, de skieding fan de ûnderskate machten is problematysk , wylst de media dy’t de macht kontrolearje moatte net echt ûnôfhinklik binne, ofwol mei de parsefrijheid leit it der beroerd hinne. ‘Malta’s is not a functioning democracy,’ wie de kop dêr’t The ShiftNew sjuster mei iepene.

Earder dit jier liet It CDA-Tweede Keamerlid Piter Omzigt – hy is troch de Ried fan Europa oansteld as ‘ spesjale rapporteur ’ yn it ûndersyk nei de moard op Galizia – al witte dat der sprake is fan “een belangenverstrengeling tot in de hoogste regionen, de premier van het eiland inbegrepen.”

Malta dûkt ek op de Panama Papers, it ynternasjonale ûndersyk fan hast 400 sjoernalisten út 76 lannen nei it ûntdûken fan belestings, it wytwaskjen fan jild en it fuortslûkjen fan miljarden dollars nei belestingparadizen troch grutte Europeeske bedriuwen en banken. Ek de riken fan ’e ierde meitsje yn dizzen happich gebrûk fan it korrupte finansjele stelsel op Malta.

Daphne Caruana Galizia, dy ‘t ferline jier oktober likwidearre waard, doe’t har auto opblaasd waard, wie ien fan de sjoernalisten dy ‘t yn it ramt fan de Panama Papers it ûndersyk op Malta die. In tal politisy dy’t se destiids neamde, hat no noch altyd belangrike posten yn it Malteeske regear.

 

Parsefrijheid
Op har blog stelde se eins oan ien tried wei de korrupsje fan de Malteeske oerheden oan de oarder. Se gong de striid oan mei miljardêrs, kriminelen en ekstreem-rechtse groepearringen. Yn de rûnten fan premier Muscat wie se net de meast beleave sjoernaliste, sis mar gerêst, se waard yn guon rûnten planút hate.

De moard op de sjoernaliste betsjutte foar Malta in fierder ûnderwrotten fan de parsefrijeheid en de frijheid fan utering. Wa ‘t de opdracht ta de moard joech, is oant hjoed de dei net opheldere.

De Malteeske oerheid liket net folle sin te hawwen oan fierder ûndersyk. Koartby makke de Malteeske steatssekretaris fan bûtenlânske saken Sarah Clarke, beliedsmeiwurker by Pin International, noch út foar in ‘biased shithole’, doe ‘t se yn in gearkomste fan de Feriene Naasjes oanstie op “a public hearing” nei de moard op Galizia.

Faaks jout aanst it ûndersyk fan Piter Omzigt mear ynsjoch yn oarsaken en de eftergrûnen fan de gewelddiedige dea. Ein jannewaris nammentlik moat in tal fertsjintwurdigers fan de Malteeske oerheden yn in troch Omzigt organisearre harksitting ferskine.

Ofrûne simmer waarden de relaasjes tusken Ljouwert en Valletta formeel ferbrutsen. Oanlieding wie in útspraak fan de foarsitter fan Valletta-2018 dy’t fan betinken wie dat it yn ‘e stêd Valletta delsette monumint foar Galizia oerstallich wurden wie, it koe neffens him fuorthelle.

 

Ongehoord
De organisaasje achter LF2018 stjoerde gjin fertsjintwurdigers mear nei Malta. Gjin útnûging gie mear ta de doar út. De grutte stilte begûn.

Sels yn de talkshow fan 25 novimber, ûnderdiel fan it ôfslutende programma fan LF2018, waard mei gjin wurd fan Malta rept. Galizia waard net neamd, wat men neamt ‘ongehoord’. Krekt by dizze slotmanifestatie wie Ljouwert as Kulturele Haadstêd yn de unike posysje en lit him hearre as ferdigener fan de ûnôfhinklike sjoernalistyk. In miste kâns.

De kwestje Malta is ta in hichte eksimplarysk foar in soad Europeeske lannen, dêr ‘t de parsefrijheid en de frije mieningsutering faai steane. Ek dit jier kaam in tal sjoernalisten troch in gewelddiedige dea om it libben, ûnder mear yn Hongarije en Slowakije. De demokrasy leit rûnom ûnder fjoer, de ûnôfhinklike sjoernalistyk ûnder skot.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.