‘Skjin Laai / Tabula rasa, leechte yn wurd en byld’

04/10/2018

Yn it ramte fan LF18, Lân fan Taal, organisearret Tresoar, yn gearwurking mei Galerie Schoots en Van Duyse út Antwerpen fan 14 oktober oant en mei 16 desimber de útstalling ‘Skjin Laai / Tabula rasa, leechte yn wurd en byld’, wêryn’t keunstners en dichters de skeppende leechte ferbyldzje en ferwurdzje.

De presintaasje fan de katologus ‘Skjin Laai / Tabula rasa’ wurdt ynlieden troch in panel mei Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân, Libbe de Vries, wethâlder kultuer fan de gemeente Opsterlân en Oeds Westerhof, direkteur netwurk en legacy fan LF2018.

 

Snein 14 oktober, 14:30 oere, Hoofdstraat 17, Beetstersweach

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.