Dichter fan Fryslân op it Oranjewoud Festival

28/05/2018

Snein 3 juny presintearje fideokeunstner Lotte Middendorp en skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga op it Oranjewoudfestival in heal oere duorjend film- en poëzieprogramma. Dêryn ek de première fan harren nije film Reid – Wurd – Wyn, ûnderdiel fan it multymediale poëzyprojekt It Font.

Lotte Middendorp en Eeltsje Hettinga jouwe in ynlieding op harren gearwurkingsprojekt dat wilens oer mearder jierren rint en litte sjen dat de bylden net samar in plaatsje by in praatsje binne. As Dichter fan Fryslân draacht Hettinga in tal oan de films relatearre gedichten foar, ûnder mear it alderearste It Font-gedicht ‘In spegel de see’.

Yn it wurk fan beide keunstners binne byldzjende keunst, foardracht, muzyk en poëzy op in sterk sintúchlike manier mei-inoar ferweve. It wetter, de kust en de see foarmje de reade tried yn it gehiel.

Films út It Font, mei ûnder oaren de shortmovie It Let dy’t snein ek yn Oranjewoud fertoand wurdt, wiene earder te sjen op de Frankfurter Buchmesse, Museum Belvédère en it Fries Museum yn Ljouwert.

 

Snein 3 juny om 19:00 oere yn ‘t Proevertje op it Oranjewoud Festival, tagong fergees

Gedicht Dichter fan Fryslân yn Taal fan it hert

25/07/2018

Spesjaal foar dizze app skreau de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, it gedicht ‘It klappen fan de dyk’ dy’t yn it Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk werom te finen is yn de app en yn bygeande brosjuere.

Presintaasje poëzijmasine Dichter fan Fryslân

03/02/2018

Op sneon 3 febrewaris fûn yn Tresoar de feestlike start plak fan de fjouwer poëzijmasines fan de dichters Grytsje Schaaf, Sytse Jansma, Elmar Kuiper en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.